Marten Verdenius ien de Oekraine

6 juni 2012

in Verhalen

Melnyki 28 april ’12

Bêste minsken,

Op dit stuit haw ik hjir krekt in wurkdei achter de rêge en de bûk te barsten. Dus in moai momint om in stikje foar de Sylboade te skriuwen, tocht ik. Sa at in soad fan jimme wol fernommen hawwe bin ik sund 6 wiken frijwilliggerswurk oan’t dwaan yn de Oekraïne, jazeker ‘t lân fan korrupsje, Lada’s, blonde wifen in nûver taaltsje en binnenkoart ek it EK fuotbal!

De minsken fan it fabriek, simmerkrite & oare strjitten woe ik earst tige tank sizze foar jim hulp, jim klean en buortersguod. Geweldig ûntfongen, super! Foar de minsken dy dat net begrype, ik hie guod ynsammele en meinommen yn ‘myn’ camper. No bin ik 3 dagen oan ‘t riden west,mar ‘t wie pas doe ik by de grins (v. Oekraïne) oan kaam dat ik by mysels tocht, wer bist do no wer ien te lâne kaem. In oere as fiif wachtsje op niks en in poedeltsje (ik koe myn laitsjen hast net yn hâlde) dyt myn camper op drugs checkte, minsken dyt ûnfersteanbarre dingen nei mij skreeuwden, mar ik mocht fjirder, efkes in lifter meinimme en ride mar. Sa’n 20 min.doe waarden wij wêr troch de pliesje oan è kant setten. Op dat stuit wie ik hast omkeart, mar úteinlik bin ik goed te lâne kaem, in prachtig plakje oan de Dnjepr [rivier] fûn, en wie ik oan’t wurk yn in Sanatorium foar bêrn. Geweldige bêrn, prachtige kollega’s dyt de hiele dei krekt wat, krekt niks útfienne, in prachtige ervaring. In dit stêdsje (Cherkasy) gau in bulte freonen kennen leart, ûnder wetter dûke, sjaslik ite en sûpe dàt kin se dèr ik goed en in stik as wat USSR feteranen kennen leart. Jo wolle it allegear net liuwe. Nei in wike as fyf bin ik nei in nij plak giën, in doarpke like grut as Aldegea, djip yn’e rimboe, ôfsnijt fan é wrâld. Eltsenien hat hjir in ko, hinnen en in barchje, in hoekje bou in lyts húske en sa libje se dan, en ik dus ek. Jo kinne it miskien wol riede, wèr prachtig. Ik haw melken leart en jierpels mei setten. Minsken binne gastfrij, hartelijk en geïnteresseerd yn die iene bútenlanner. Se binne earm mar jild ha se hast net neadich, se libjen fan ’t lân. De skoale wêr ik wurkje hat sûnt Lenin gjin ûnderhald mear hawn dus der is genoch foar mij te dwaen, fjider spielje ik wat fuotbal en op de trompet die ik lient ha fan crescendo, fiskje ik wat, rin yn ‘e heuvels en bosken om, en it mij fol, want iten dat haw se hjir genoch. Minsken, ik haw it hjir prachtig, mar at ik oan de ynsamelaksje en us mar en minsken tink, tink ik dat is it yn Heech ek!

Groetnis ût de Oekraïne fan Marten Verdenius!