Sterk ferhaal

7 november 2012

in Verhalen

Der steane op in sneintejoun yn dizze neisimmer trije of fjouwer manljue op it hiem fan Piersma te klassineren. De baas sels stiet er ek bij, mar hy seit neat. It wie in moaie dei. Hy rint no tsjin syn ein. De kanten fan Aldegea út stiet de himel suver yn brân. In pear jonkjes hingje oer de leuning fan ‘e brêge foar De Watersport. Op it terras sitte noch wat minsken nei te praten. Der komt in man it hiem van Piersma oprinnen. Grys hier, blau bûsgrûntsje, reade broek. “Wat is dit foar in man?” freget ien fan ‘e manljue.“Dit is de pastoar út Langwar”, andert Piersma, “dy bringt hjir de kaai fan syn boatsje.” “Dat kloppet”, seit de man yn syn kleurige klaaiing, “ik bin allinnich gjin pastoar mar dominy.“ “Pastoar of pastor”, grommelt Piersma, ”makket dat wat út ?” De manljue sjogge de dominy in bytsje ferbaasd oan. “Wat ha Jo dan fan ‘e moarn de minsken yn tsjerke wysmakke…?” “Wolle jim dat witte?” freget de dominy. “Sil ik dat fertelle, hjirre, no…?” Ja, dat liket de manljue wol wat.

“Kinne jim it ferhaal fan ‘e Israëlieten dy ’t yn Egypte as slaven wurkje moatte, stiennen bakke…? “ Eu ja, der ha se wolris wat fan heard. Lang lynt! Moai. De dominy fertelt dan fan in Joadske kollega dy ’t syn soan nei in rabby yn in stêdtsje fierderop stjoert om te hearren wat dy fan syn tsjinst makket. As de jongen werom komt freget syn heit: “No? Hoe wie it?” “It foel my niks ôf”, seit de soanDe rabby yn it stêdtsje hie it ferhaal oer de befrying fan de Israëlieten neffens de soan hiel oannimmelik ferteld.

Mozes hie fan Jahwe (de God fan Israel) opdracht krige om nei de Farao ta te gean en him te freegjen of ’t it folk Israel wol in pear dagen frij krije koe. Dan woene se mei syn allen yn ‘e woestijn kampearre, dêr in feestje fiere en dernei soene se echt wer nei Egypte werom komme. Mar Mozes hie tsjin Jahwe sein: “Freegje dat mar oan myn broer Aaron. Dy kin folle better prate as ik. Mei my wurdt it niks…” Jahwe seach ek wol dat it mei Mozes net folle wurde soe en derom mocht Mozes syn broer Aaron meinimme. En wat sei de Farao? Gjin sprake fan – jimme trije dagen frij jaan? Ik wol der net iens oer prakkesearre. Fuort jimme! Letter freegje de beide manljue itselde nochris oan ‘e Farao, mar die wol der abslút neat fan witte. “Trochsette!” seit Jahwe, “de oanhâlder sil winne.” Mar de Farao bliuwt by syn wegering. Hy makket it libben fan ‘e Israelieten noch swierder. Hja moatte noch mear stiennen bakkke. Dan meie de beide mannen fan Jahwe tsien kear in ramp oer Egypte ôfroppe, de iene noch ferskrikkelikker dan de oare. Op ’t lest skreauwt de Farao it ut. “Sa kin it net langer, donderje no asjeblieft mar op!” Dat lit it folk Israel him gjin twa kear sizzen. Foardat de Farao it troch hat is de hiele klub op in iere moarn fertrokken. It wurk yn Egypte leit dan stil. Der wurdt gjin stien mear bakt. Dat is net de bedoeling.

De Farao kriget spyt. Hy stjûrt in mantsje nei syn leger en lit him sizzen: “Ogenblikkelik yn ’e tanks en it folk Israel werom helje!” De Egyptyske soldaten dogge de gasmaskers foar it gesicht en hingje harren koppels mei munysje om ‘e mul. Se springe yn ‘e tanks en yn ‘e jeeps en jowe fol gas……De rabby pakt no syn soan by it skouder. Hat de rabby dat ferteld?!”freget er, “hat er dat werklik sa sein, fan die gasmaskers en sa …?’’ “Jawis”, seit de soan, “en dit wie noch net alles. Hy fertelde noch mear…” De Israelieten hearre it brommen fan ‘e swiere motoren en sjogge it leger yn ‘e fierte tichterby kommen. Sels steane hja foar in grut wetter, hast sa grut as de sé. ‘Rietsé’, lêze se op in boerdtsje op ‘e kant. Dit liket net bêst.

Mozes en Aaron roppe de pontonniers út it folk nei foaren en jowe harren opdracht om in pontonbrêge oer it wetter te slaen. Gau gau, want de Egyptenaren ille o wol hiel driigjend tichteby. En krekt as hja op ‘e Israëlieten ynride sille is de pontonbrêge klear en kin it folk der oerhinne, nei de oare kant. It leger fan ‘e Farao stiet efkes frjemd nei dat tafferiel te sjen. Se tochten de buit hast binnen te heljen en no dit. Dêr hiene se no net op rekkene. Soe de brêge harren tanks en jeeps ek ille kinne? “Ride!” roppe dan harren kommandanten, ‘gas jaan, oer de brêge en fluch!” As it ridend materiaal midden op ‘e brêge is giet Mozes op ‘e knibbels. “Help ús, Jahwe!” bidt er hurdop, “noch even en se pakke ús yn!” En wat gebeurt er? Op itselde momint ferskine der wol fiif straaljagers yn ‘e loft. Die sjitte nei ûnderen en reagje mei harren masjinegewearen it hiele Egyptyske leger fan ‘e brêge…… De rabby pakt no syn soan opnij bei de skouder. “Hat er dat ferteld, hat er dat sa seind?” freget er opnij, fol ûnleauwe. “No”, seit de soan , en hy wifket efkes, “Jo kollega hat it ferhaal wol wat oars ferteld, mar as ik dat oan Jo fertel dan hiene Jo mij nooit wer leauwd…”

De manljue op it hiem fan Piersma moatte der in bytsje om laitsje. “It liket wol Afghanistan”, seit ien fan harren. “Der is niks nieuws onder de zon…” De pastor mei syn blau bûsgrûntsje en syn reade broek knikt nei Piersma en nei de manljue. Dan draeit er him om en ferdwynt.

Symon van der Meer

’t Eilân 17