Nijs fan It Eilan

31 januari 2013

in Verhalen

Yn it oktobernûmer fan de Sylboade stiet in ferhaal oer Nico Keverling Buisman en Walle Oppedijk van Veen, beiden bestjûrslid fan It Eilân. Walle hat dit jier acht jier lang funksjonneerd as skriuwer/skathâlder fan ‘e ferieniging. Dat is moai lang. Hy tinkt dat it tiid is foar in opfolger. Yn ‘e oktobergearkomste fan ‘e Eilân-ferieniging nimt er ofskie. Hy hat ek al in nije man op it each: Pim van der Giesen, Eilânbewenner sunt 2007, mar al jieren en jieren gast yn Heech en op it Eilân. Wat tinkt de gearkomste derfan? De bewenners fine it allang moai dat er in opfolger is, mar hja binne boppedat bliid mei dizze man. Wat is hy foar in figuur?

Krekt in jier nei it ein fan ‘e twadde wraldkriich (2 maie 1946) komt de lytse Willem Florus (Pim yn ‘e loop) yn Bodegraven op ‘e wrald. Der groeit er op en der giet er nei skoalle. Dan nei de HBS yn Alphen aan de Rijn, tsien kilometer hinne, tsien kilometer werom, op ‘e fiets. Gjin probleem. Der wurd men sterk fan. Hy slagget foar syn HBS-B-diploma en ferhuzet nei Utrecht om der pharmacie te studearjen. Kriget om te begjinnen midden yn ‘e stêd in skiterich-lyts keamerke, mar hy hat plak. Hy giet flot troch de stúdzje hinne, docht syn doktoraal eksamen, dan syn apothekerseksamen en bliuwt oan ‘e universiteit ‘hingjen’, sa neamt er dat. Hy jowt les oan ‘e studinten, docht promoosjeundersiik en promovearet op in proefskrift mei in bar-yngewikkelde titel. Wurdt er dan úteindelik apotheker? Nee, nei de universiteit kin er in baan krije by it ‘College ter beoordeling van geneesmiddelen’, earst yn Leiden, letter yn Den Haag. Hy is dan sawhat fjirtich. “In fantastische baan!” Einliks moat er fan ‘banen’ sprekke, want elke fyf, seis jier kriget er in oare funksje, oant er op ’t lest skriuwer wurdt fan it College. Hy reizget hiel wat ôf yn die dagen. Elke moanne sit er op syn minst in wike yn ’t bûtenlân, meast yn Londen. Der sit it Europeeske College. Yn 2009 kin er mei pensioen. Nettsjinsteande syn aardiche wurk beslút er dochs mei syn wurk te stopjen. Hy hat in pear hobbies dy ’t de noadige tiid freegje.

Om te begjinnen wurdt er in protte sylt by de femylje Van der Giesen. Sile en roeie, Pim docht it by wize fan sprekken al yn’e widze. Hy hat betiid in kajútboatsje. Dêr sylt ermei oer it Iselmar, fan Hollân nei Fryslân, tegearre mei syn faam Christine Veerman. Pim en Christine kinne inoar sûnt de kleuterskoalle. Nei Pim syn stúdzje trouwe hja. Der komme twa soannen. Harren lange tradysje fan simmergasten-yn-Heech kriget yn 2007 foargoed in ferfolg as der op It Eilân 47 in húske fry komt. Dat keapet de femylje. De ‘Saffier’ kriget plak by Ottenhome.

Dan de oare hobby fan Pim van der Giesen – dat binne de toersoerwurken fan tsjerken. Der kin er net oerút! Hy sit fan jongsôf oan ek sels te prutsen en te nifeljen oan oerwurken en sa kriget er hoe langer hoe mear in grut respekt foar de makkers fan âlde oerwurken yn tsjerketoers. Sommigen derfan mear as fyfhûndert jier âld! Yn it begjin is er donateur fan de ‘Stichting tot behoud van het torenuurwerk’. Letter wurdt er aktief dielnimmer en dat is er oant de dei fan hjoed. Dat stiet ek op syn nammekaartsje: adviseur fan it Stichtingsbestjûr. Yn die (ûnbetelle) funksje slacht er benammen in protte yn Fryslân om.

En wat gebeurt er op in dei, no twa jier lynt? De man, dy ’t de kaai bewarret fan ‘e Haghatsjerke yn Heech, fertelt him dat er noch in âld oerwurk earne yn in hoeke fan ‘e tsjerketoer leit. Pim van der Giesen giet er op ôf. Op solder, ûnder in stevich stik plestic foly, sjocht er dêr yndied in oerwurk lizzen. It blykt in typysk oerwurk fan smei-izer út de 17e ieu te wêzen. It hat oant 1988 yn gebrûk west en is doe ferfongen troch in elektrysk oerwurk. Pim set der syn tosken yn. Hy skriuwt der in tige trocharbeide artikel oer yn it blêd fan ‘e Stichting (‘Het Torenuurwerk’, maart 2011), ûnder de titel ‘Historische vondst in Heeg’. Dat giet oer syn wichtige fynst mar ek oer de technyk fan it oerwurk en oer in hiel âld dokumint ûnder de titel ‘Articulen bij dewelcke de Gemeijnte van Haegh gedencken een uurwerck the besteeden’. (Tusken heakjes: ‘voor vijff hondert guldens’…)

En no even der tuskentroch: yn ‘e Sylboade fan simmer 2011 skriuwt Willem O. Santema oer in âld ‘Kerckeboek van den dorp Heegh’ fan âld-Heechemer Gerben Wierda. (It boekje fan Wierda is noch te krijen by de VVV en yn ‘e Haghatsjerke.) Yn dit ‘Kerckeboek’ steane de lûdklok en it oerwurk fan ‘e Haghatsjerke sintraal. Wierda hat ek kontakt hawn mei Van der Giesen. Beide mannen binne optein oer dit kostbere doarpsmonumint. En Santema freget dan oan it ein fan syn artikel wat wy dogge mei dit ‘unieke erfgoed’. Soene wy dit net opknappe kinne en earne sichtber opstelle? As it ienkear fuort is binne wy it kwyt, foar altiid… Van der Giesen slút him dêr by oan. Syn Stichting wol dêr op de ien of oare wyze graag by advisearje. Dus…

Koartom – dizze man wurdt yn ‘e gearkomste fan oktober 2012 beneamd ta nije skriuwer/skathâlder fan It Eilân. Yn de kommende jieren moatte de Eilânbewenners no fernimme wêr as it omtinken fan Pim van der Giesen it measte nei útgiet: nei syn sylboat of nei it oerwurk of nei It Eilân.

De tiid sil it leare!

Symon van der Meer

’t Eilân 17