Stamppottoernooi “de laatste stoot’

3 februari 2013

in Biljart

stammpot-2Trije dagen biljette op 8-9-10 januari 2013 yn it Heechhús yn Heech, it is wer achter de rêch. Fan de 32 man ,wiene E Muller fanwege sûnens problemen en de skriuwer sels ôfwêzich Sij binne troch de reserfers Jan v/d Heide en H Korge ferfongen, tank oan dizze mannen. Der waard eader praat kinne we it toernooi wat yn kwartsje, in lange jûn om de prizen bijette achter de trije dagen oan is wat te folle fan it goeie. Grondsma en v/d Bijl ha oan it mjitten en syferjen wést, en kamen ta har doel dat der in tredde biljet yn de seal stean koe.

Doe de fraech wat kost ús dat? doe de ponghâlder K Teernstra rieplachtsje, dy hat it biljetferhier bedriuw skille, en dystammpot-3 sei foar €100 sette wy der in trédde biljet yn de seal, en dat is troch de leden oan nommen. Ik siet op de earste moarn neist Dolf en dy sei wat een weelde je drie biljarts in de zaal, waar moet ik nou naar kyken, se benne overal aan ’t biljarten. En der wie wurk yn de winkel,want foar elke partij moat in teller, in skriuwer, en ien oan de toetsen meiwurkje.

stammpot-4Nei ‘t ik heard ha, is der wer lekker en gesellich iten de lêste dei, en is der yn de middei om de priizen spile. Der wie in spiler dy sei lit se mar lulle, wy sitte yn de priizen en dat kinne se ús allegear net nei sizze, hy hie de achtste priis, mar hie gelyk. Ús foarsitter Wybren E Jorritsma hat de priizen mei in lokwinsk útrikt oan C de Jong, hy hie de earste priis en der by ek de wisselbeker, De twade priis wie foar ús ponghâlder K Teerenstra seis partijen wûn yn poule 4,De tredde priis oan L Ypma, de fjirde oan J Visser, de fyfte oan J Witteveen, de sechste oan I Osinga, de sânde oan D Ketelaar, en de achtste J v/d Schoot.

De mannen dy ‘t harren foar disse dagen ynspand ha, en ek it moaie programma boekje makke ha, wat in soad wurk stamppot-5is, binne ek tige betanke Hulde. Wy winskje E Muller sterkte ta yn foar him dizze moeilike tiid, wy hoopje dat hy skylk dizze foar him belangryke sport, wer yn sûnens mei in smout praatsje útoefenje kin. Ik winskje elkenien noch goede biljet resultaten ta dit jier.

skriuwer F Kuiper/Foto’s W Boschma

stammpottoernooi