Sa gie dat doe yn 1950, en no yn 2013!

5 maart 2013

in Foto's, Geschiedenis van Heeg

fk-maartTwa doarps boeren Jan Kuiper en Rommert Jorritsma, sij hiene beide in buorkerij oan de âldwâl yn de Bûterhoeke. Rjochts, Rommert wie in faerboer mei it lân oer en oan it wetter op it Eilân, en yn de van Ommen polder. Rommert wie de lêste boer yn it pleatske, it is no in diskotheek. Jan hie it lân oan de Skatting, no in nije wenwyk, en troch de buorren, der is no in pasantehaven yn groeven en in feestpôle fan makke. Simmerdeis diene sij it kuilen en ûngetiidzjen yn kombinatie.Mei dy drokte lieten sij har de koffie en de thee nei it lân bringe.De fk-maaer-2hûnen Nellie en Tarzan wolle graech in hapke mei ite. Op de eftergrûn is de coop súvelfabryk Hoop op zegen te sjen. Dat tredde theekopke is fan de fotograef Foeke Kuiper. Jan en Rommert ha it net belibbe, mar sij hiene it doe nea tinke kinnen, dat op dat stee wetter kaem te stean.

Mei san heege brêge yn de dyk, en de súvel fabryk alhiel fuot brutsen.

En no fangt men op dit stee sokke snoeken foar de sport.

fk-maart-3Dy wurde dan metten ( disse wie in meter) dan wurd er in foto fan makke, en litte se de fisk wer swemme. F K