It lan fan myn foaralden

1 juli 2013

in Verhalen

De iene neamt him in ûndernimmer, de oare in fakman en wer oaren neame him in echte aventoerier, en miskien sit it allegeare wol yn him, mar hy is benammen myn âldste neef en dêr giet it om yn dit ferhaal.

Tsjebbe van der Meer komt in lytse tsien jier foar de twadde wrâldkriich yn Toppenhúzen op ‘e wrâld. Dêr giet er nei de legere skoalle en letter yn Snits nei de technyske skoalle. As de minister him nedich hat yn militêre tsjinst emigrearet hy nei Austraalje, fierderfuort kin er net. Hy reizget nei Frankryk as it gefaar geweken is. Moai lân, ryk genôch, mar Kanada liket him noch moaier en riker ta, dus op nei Kanada. Yn dat ûnbidich grutte lân hopt hy in oantal jierren fan it iene plak nei it oare. Hy trouwt dêr mei in knap frommiske út Fryske foarâlders.

Yn ‘e omkriten fan Cornwall, yn Ontario, kepet er in moai lânhûs, op in heuvel. Yn ‘e fierte kin er de rivier Saint Lawrence glinsterjen sjen en dêrefter strekt Amerika him út, ûneinich fier. Rjochts fan syn hûs stiet in garaazje, links in hangaar mei in fleantúch deryn. Hy folget mei sukses in oplieding foar piloat. Syn bedriuw floreert. Ut ‘e fiere omkriten komme de klanten nei him ta en nei syn bedriuw.

Hysels komt mei in sekere regelmaat yn syn heitelân werom en dan besiket er ek altiid it âlde doarp Heech. Dêr komme syn foarâlden fan memmekant wei, de famylje Van Netten. It is by ien fan dy besites dat er mei syn neef út ‘e Bloksleatpolder by Joure, ek in Tsjebbe van der Meer, nei de Jeugdherberg It Beaken lokke wurd. Dêr leit op dat stuit, it is no in pear jier lyn, in tsjotterke mei de namme ‘Wylster’ derop. En lit dat no it boatsje wêze dat yn 1936 yn opdracht fan harren beider heiten (Wytze en Douwe van der Meer) by skûtmakkerij Lanting yn Drylst bout is. Sa grutsk as in aap stappe hja dan beide yn it boatsje om der in tochtsje mei oer de Heechemermar te meitsjen! Yn ‘e Sylboade fan dy tiid hat noch in ferhaal oer dat tochtsje stien.

Twa jier lyn is de neef foar de lêste kear yn Fryslân mei fakânsje – alteast, hy tinkt dat it syn lêste kear wêze sil. Hy is dan ûnderwilens de tachtig foarby. Mar wat hy dan net witte kin gebeurt wol: syn pakesizzer yn Kanada hat har rjochtenstúdzje derop sitten en wol in jierlang as au-pair yn it heitelân fan har pake en beppe wurkje. Ferline jier begjint hja dermei yn it gesin fan in specialistenechtpear yn Driebergen. Dat is wol net yn Fryslân sels mar foar immen fan ’e oare kant fan ‘e oseaan makket dat gjin ferskil.

En wat seit dan har pake? Hy seit: “Ik wol dy sels sjen litte wer as dyn pake en beppe berne binne en wêr’t de famylje wei komt …” Hy reserfearet in reis nei Nederlân en it is okkerdeis, yn ‘e moanne maie, dat hy mei syn frou op Schiphol arrivearret. Underweis fan it fleanfjild nei Fryslân reizgje hja fia Driebergen. It wjersjen mei de pakesizzer is suver emosjioneel. De pakesizzer giet mei harren mei op harren fierdere reis nei Fryslân. Dêr besykje se de foarfaderlike wenning, de plakken wêr as hy en syn frou berne en opgroeid binne.

Hja útfanhûzje yn in fakânsjewenning op ’t Eilân. Fan dêrút besykje se harren famylje yn Heech en omkriten. Se farre yn in boat oer de Fryske marren en se sjogge harren de eagen út ‘e holle oer de griene lânderijen en de moaie fiersichten.
Hja nimme dêr ek ôfskie fan in goeie kunde, in ôfskied foargoed. Noch wylst hja yn Heech binne komt de man te stjêrren. De begraffenistsjinst is yn ‘e earbiedwurdiche Snitser Martinitsjerke. It âlde gebou is fol mei famylje en bekenden. Der giet rêst út fan ‘e tsjinst, in wijde en respektfolle tsjinst.

It is nei ôfrin as ús neef seit: “It klinkt nuver, mar dit hie ik net graach misse wold. Hjir fiel ik my thús. Ik bin bliid dat ik dit meimakke ha…”
Underwilens binne hy en syn frou werom reizge nei Kanada. It sil heechstwierskynlik de lêste reis nei syn heitelân west ha. Oan it ein fan ‘e dei sit er op it terras yn ‘e tún foar syn hûs. Yn ‘e fierte sjocht er de glinstering fan ‘e rivier yn it ljocht fan ‘e ûndergeande sinne.

Yn ‘e loft klinkt it lûd fan in fleantúch, dat tichterby komt. It is syn âlde maat die ’t in tochtsje makke hat. Hy giet stean om in praatsje te meitsjen mei de piloat. Hy ferftelt fan syn fakânsje, in prachtige fakânsje.
“It hat my in protte jild koste”, seit er, “mar it hat my noch folle mear oplevere!”

Yn Heech fine de minsken fan de fakânsjewenning nei harren fertrek in stikje papier. Der stiet op: “Leave minsken, ik ha jim hûs stofsûgere om ’t libben, mar as it net skjin genôch is moatte jim dat sizze, dan kom ik werom om it noch in kear te dwaen!…”

As er dat net echt mient dan hat er it dochs moai betocht!

Symon van der Meer
’t Eilân 17

 

Aaltje, Klaske, Symon en Tsjebbe v.d. Meer

Aaltje en Klaske, Symon en Tsjebbe v.d. Meer