PSZ it Pikepoltsje

1 juli 2013

in It Pikepôltsje

it pikepoltsjeWilt u uw kind opgeven voor de peuterspeelzaal? Of wilt u meer informatie? Dat kan natuurlijk!Pjutteboartersplak “It Pikepôltsje” Tollewei 201 8621 CX Heech Tel: 06-46586382 www.itpikepoltsje.nl

 

 

Fryske foarlêswike
Tiisdei 4 juny binne we mei de bern nei Talma west, nei it Anker. Der sieten de beppes al op ús te wachtsjen. Doe’t we in plakje fûn hiene, fertelde Jeanette Wijnja in ferhaal oer Tomke. Tagelyk liet se skitterende platen sjen, wer’t wy it ferhaal op folgje koene.

Tomke, Romke en Yana Yu hearden it muzykkorps en wiene nijskjirrich. Se seachen dat it korps spiele by Sierd en Anneke dy’t 60 jier troud wiene. Wat in feest! Doe’t de muzyk ophâld, giene de minsken yn ‘e hûs om wat lekkers. “Wolle jim wol op de ynstruminten passe?”, sei ien fan de spilers. No, dat woene Tomke, Romke en Yana Yu wol! Nijskjirrich beseagen se it spul, mar der bliuwde it fansels net by. Soks moat útprebearre wurde!

En al gau klonk it fan boem boem boem en in wat súterich toet, toet, want it foel net mei om lûd út de toeter te krijen. Doe gie de foardoar iepen en kaam der in lilke man ta de doar út. “Wat doche jim oan ús ynstruminten”, rôp hy, “ophoepelje en gau wat”! Romke, Tomke en Yana Yu draafden gau fuort en doe betocht Tomke dat se sels wol in muzykkorps meitsje koene. Mei in trom, in toeter en in fluitsje giene se troch de strjitte nei it hûs fan Sierd en Anneke. De buorman fûn it mar in kabaal, mar Anneke fûn it prachtich en Tomke Romke en YanaYu krigen as beleaning in stikje oranjekoek.

Nei it ferhaal dielde Jeanette ynstrumintsjes út en ha we noch muzyk makke en by it ôfskeid krigen alle bern in fluitsje mei! Yn optocht giene we nei it Pikepôltsje werom.

Ditselde ferhaal hat master Santema de oare deis oan wer oare bern fan it Pikepôltsje foarlêzen. De bern fûnen it prachtich! En der wiene wer sokke moaie platen by. Ek dizze kear ha we ús muzykynstrumintsjes pakt en ha we krekt as it muzykkorps yn optocht troch de klas muzyk makke.

Wat de bern sa leuk fine is dat master Santema altyd noch even bliuwt om mei de bern te boartsjen. Wy sjoche der elk jier wer nei út!
Master Santema en Jeanette Wynja o sa bedankt dat jim ús foarlêzen hawwe!

Yn juny komme der meiwurkers fan toskedokter Wiersma by ús op it Pikepôltsje om op in boartlike wize foarljochting te jaan oer it fersoargjen fan ús gebit. Wy binne tige nyskjirrich en ha der sin oan! Yn dyselde wike gean we mei de bern nei Ballorig yn Snits. Dat wurdt ek grut feest fansels! Dernei ha we noch in wike om ôfskeid te nimmen fan bern dy’t 4 jier wurde en begjint de simmerfakânsje.

Prietpraat

Fimke hat prachtige flechtjes yn it hier. As dy der útgeane hat se moaie krultsjes net wier?
Nee, seit Fimke, krom hier!
Neffens Frank en Sander hat master Santema bleate mouwen!

!!!!!!!!!! Oproep !!!!!!!!
Wij zijn op zoek naar iemand die af en toe wat klusjes voor ons wil doen op It Pikepôltsje. U kunt hierbij denken aan kleine tuinwerkzaamheden / onderhoud of klusjes in het gebouw zelf! Af en toe moet er iets gerepareerd worden waar wij zelf niet aan toe komen..

Heeft u interesse dan kunt u contact op nemen met of aanmelden bij de peuterspeelzaal, op werkdagen van 8.30 – 11.45 langskomen of bellen Tel: 06-46586382

Tijdens vakanties zijn wij gesloten.
Wij wensen iedereen een fijne zomervakantie toe!

Oant sjen op It Pikepôltsje…