Besprek fan in jongereinroman

9 september 2013

in Verhalen

Prikkeldraad, J.H. Gottmer, Haarlem , 2011, 189 siden, skriuwer DERK VISSER, Heeg

De earste 30 siden fan it boek jouwe in foleindich oersicht fan wat de lêzer te wachtsjen stiet foar it ferfolch. It wurdt aanstûns dúdlik prikkeldraaddat we hjir te meitsjen hawwe mei pubers út in laach fan ’e mienksip dy’t it net rom hawwe om it mar eufemistysk te sizzen. It item bestiit út saneamd fast food, patat en frikandellen. Der is arregewaasje thús tusken heit en mém – mar nei in tút is it wer ok. De suskes binne jaloers op mekoar, de ien fynt de oar folle moaier, mar wol dochs meidwaan yn ‘e striid om de jonges. De haadpersoon – in famke – keapet skruten kondooms (slúfkes) bij de Kruidvat, mear as ‘m soarte fan status symboal, net sasear om ien te brûken, it merk moat Fethlite wêze, se kin it krekt betelje, dus in lytse ferpakking.

Heit wol syn kafé – fallisemint – rêde troch in smookromte te bouwen, mar har mem sjocht in trochstart net sitten, sij wol foar harsels in blomskikkursus bygelyks. De haadpersoon is frege as fakkenfuller yn ‘e buertsuper dy’t hast leechstiet fanwege in nije AH. Sy goait mei op set sin moanneferbân yn et húske sadat it ferstoppet om reden dat in winslik freontsje dy ’t er ferstan fan hat him repareare kin.

Koartsein it ûtsicht op in gaadlik libben is fier fuort, foar eltseien dy’t yn’e roman beskreaun wurdt. It rint allegear op é non út, se ferdwale yn mekoars fantasijen. Ik sil de rest fan ‘e roman net ferklappe, lês sels mar!

It is Visser’s fjirde roman mei sawat itselde tema, it libben fan dizze jeugd oan ‘e ûnderkant fan it maatskaplik midden. Se fersykje fan it libben te profitearen, mar it libben stiet dat meastentiids net ta. De flaptekst seit: “Derk Visser schrijft op een zeldzaam eerlijke manier over jonge mensen. Zonder opsmuk, rauw, ruw en levensecht. Zijn schrijfstijl en dialogen zijn vaak geroemd.” Prikkeldraad is yn ’t Hollânsk skrean, eartiids seinen se by ús yn it doarp: “Prikkelstjebier.” Miskien kin Derk syn tematyk wat ferbreedzje, not er in skeau – stipendium krige hat as jongereinromanskriuwer.

MJvSt