“Shit, nea fan heard! “

9 september 2013

in Verhalen

Steane de frou en ik op dy skoandere sneontemiddei begjin augustus op de Syl nei de tsjotterkes en nei al dy oare moaie platboaiems te sjen, komt er ynienen in frou op ús tarinnen. Hja bliuwt flak foar ús stean, sjocht my oan en seit: “Ik kin jo, ik ha jo faker sjoen, jo gesicht komt my bekend foar, mar ik bin jo namme kwyt. Wurkje jo bygelyks by de televyzje?” Ik skodje myn holle fan nee. “’t Spyt my”, sis ik, “it ienniche wat ik foar de televyzje doch is nei it nijs sjen…” Hja sjocht my nochris oan.

“’t Is raar”, seit hja dan, “ik bin oars skerp yn dy dingen mar yn dit gefal fersin ik my seker. Nim my net kwea ôf…” Hja ferdwynt wer yn ‘e mannichte. In skofke letter wrot se har troch it publyk op ’e nij nei ús ta. “Ik probearje it noch in kear want it sit my wat dwers. Ken ik jo dan faaks fan it toaniel? Jo ha in bekend gesicht foar my. Spylje jo toaniel?” Ik moat har foar de twadde kear teloarstelle.

Hja skoddet neitinkend har holle. “Jammer”, seit hja dan, “’k Hie tocht… no ja, it docht er einliks ek net ta wat ik tocht. Sorry hear!” En fuort is se wer. As wy nei ferrin fan tiid nei hûs ta gean hâldt se ús wer oan, op ‘e brêge, no foar de tredde kear. “Mei ik jo dan wol freegje wat jo namme is?”

Hja stroffelt er suver oer. “Hoe hjitte jo?” “Ik hjit Symon van der Meer”, sis ik “en ik bin mei fakânsje op ’t Eilân nûmer 17.” Hja sjocht my wanleauwich oan. “Shit!” seit se dan, “der haw ik no noch nea fan heard…” En foardat wy der erch yn ha is hja ferdwûn. Wy hawwe har sûnt dy middei net wer sjoen.

Symon van der Meer

’t Eilân 17

simon