Berjocht fan It Eilan

6 oktober 2013

in Overig nieuws

Wa is dizze man?
Yn it lêste desimbernûmer fan ‘e Sylboade stie in artikel oer Pim van der Giesen, skriuwer fan ‘e Feriening fan eigners fan fakânsjepark It Eilân. Hy is de man ek mei dy spesjale niget oan oerwurken yn tsjerketoeren.
Mar in skofke foar dy tiid wie der ek in nije foarsitter beneamd.
Yn dizze moanne oktober – dan wurdt de jiergearkomste hâlden – sil er op ‘e nij de foarsittershammer hantearje – no al foar de tredde kear.
Wa is dizze man en wêr komt er wei?

Raket en fleantúch
It is noch ier en betiid yn it jier 1946 as de lytse Willem Hendrik Robert Leemhuis it earste ljocht yn ‘e eagen kriget. De buorkerij fan ‘e famylje Leemhuis stiet yn Nieuwolda, healwei Delfsyl en Winschoten.
Willem is de jongste fan fjouwer bêrn. Hy sil gjin boer wurde. Yn Nieuwolda besiket er de legere skoalle en dêrnei de HBS yn Winschoten. Dat is fyftjen kilometer hinne en fyftjen kilometer werom, op ‘e fiets, mei moai waar en mei min waar.
Gjin problemen? Nee, krektoarsom.
Frjemde talen ynteressearje him net bot, wiskunde leit him better. It wurdt dus HBS-B.
Dan giet er yn militêre tsjinst. Hy bringt dy tiid foar ’t grutste part troch yn Blomberg, deun tsjin de eardere grins mei East-Dútslân. It is de tiid fan ‘e ‘koude oorlog’. Willem en syn kollega’s moatte it frije Westen beskermje mei raketten (Hawks) tsjin fleantúchen út it Easten.

Yn 1966 nimt er ôfskied en giet nei Wageningen om dêr te studearjen oan ‘e Lânbou Hegeskoalle (tsjinwurdich Wageningen Universiteit en Research). Hy is in skofke fan plan om ûntwikkelingswurk te studearjen mar de ûnderfiningen út it fjild hâlde him tsjin.
Hy sjocht dan mear yn ekonomy. Yn 1973 studearret er dêryn of.

‘Yn ‘e boerenhoek’
Ir. Leemhuis krijt in baan yn Amsterdam by de NCZ, dat is de Nationale Cooperatieve Zuivelverkoopvereninging, ferlykber mei de Frico yn Fryslân.
Fyf jier lang reizget er fanút Breukelen (syn doetiidsk wenplak) nei Amsterdam.
Dan stapt er oer nei de Amro bank. Dêr nimt er de kredietferliening foar syn rekken, fral ‘yn ‘e boerenhoek’, sa as er dat neamt.
Underwilens is Leemhuis dan nei Rotterdam ferhúze. Station Blaak om ‘e hoeke, maklik te bereizgjen.
Willem makket de fúzje mei fan ‘e Amro bank mei de Algemene Bank Nederland. In nijsgjirrige tiid. It foldocht him tige – eltse dei fluitsjend nei syn wurk.

Moaie besites
It is oan it begjin fan syn wurksume libben dat Willem en de frou faak op besite gean by in neef yn Terherne. Dy hat dêr in wenarke. Dat binne moaie besites – hja soene dêr sels wol in wenarke ha wolle. De neef wyst harren op in arke dy te keap komt.
Dêr wurde se dan de eigners fan, tritich jier lang en mei in protte nocht. Dat is better dan fakânsjes yn ’t Suden – dêr kin je ommers libben ferbrâne en binne je bliid mei in dei mei wolken.
De arke hat ûnderwilens net folle komfort. Boppedat, yn ‘e winter slút men yn in rekreaasjepark elektrisiteit en wetter ôf. Tsjin ‘e tiid dat hja sechstich wurde wolle se einliks wol eat hawwe wêr as hja ek yn ‘e winter nei ta kinne.
In makelder kriget opdracht om nei wat betters om te sjen. Dat fynt er yn Heech.
Kenne hja dit doarp? Ja, min ofte mear, as toerist. En ea kochten hja dêr in Randmeer by Gerritsma.
It hûs op It Eilân nûmer 38 is geryflik. Oan ‘e kant fan it wetter is in moai gêrsfjildsje en it hat in prachtich útsicht oer de Hegemer Mar. Einliks is it krekt wat hja sykje. Yn it betiide foarjier van 2006 meie se harren de eigners neame. Foar it hûs wurdt in respektabele mêst delsetten. Dêr wappert de Nederlânske flagge oan sa gau ‘t de famylje yn Heech is.

De earste fyf jier partsje hja yn it goeie Eilângefoel mei de oare bewenners. Dan freget Tamme van der Zee, foarsitter fan ‘e eignersferiening, oan Leemhuis om de foarsittershammer fan him oer te nimmen. Leemhuis giet er yn mei. Oan it ein fan dizze moanne, ûnder de hjerstfergadering, sil er foar de tredde kear de hammer hantearje.

Willem Leemhuis

Willem Leemhuis

En eltse moanne falt de Sylboade yn ‘e bus.
Lêste fraach: lêst er sels de Fryske teksten?
Antwurd: “Jazeker, het kost mij moeite maar ik doe mijn best. En ik weet ondertussen wat fierljeppen en skûtsjesilen betekenen.”

Symon van der Meer
’t Eilân 17