De Leste Stoat

12 maart 2014

in Biljart

Ferslach Stamppottoernoai 7-8-9 januari 2014

Se hiene der wer sin oan, dy biljerters fan de klup De Lêste Stoat. Der wiene gjin reserve spilers nedig, want se wiene lokkich sûn en oanwêzig. t in riskante operaasje efter de rêch hat, koe lokkich wer folop meidwaan. Der wie wat in sûne spanning, want elk wol syn bêste kant sjen litte. It seach der wer moai fersoarge út yn ‘e seal, mei moaie biljerttafels, en yn ‘e hoeke in tafel mei kofje, tee en fuldekoeken om sels te betsjinjen. Elk moat tsjin sân tsjinstanners fan syn poule, en dan kin gelok of ûngelok soms ek nog mei spylje.

Mar dochs nei twa en in heale dei kamen der winners op it papier. Doe wie it tiid om hast oan tafel te gean, mar foar in soad ek om oan de bar ien foarôf te nimmen, want it is ek mar ien kear yn it jier Stamppottoernoai watte? De yttafels seagen der feestlik út, in restaurant gelyk. Mei dat we oanskikt binne hat ús foarsitter en regelateur út de doeken dien wa‘t de poulewinners wiene.

Poule 1. 1e S. Hettinga mei 65 punten, 2e E. Muller mei 65 punten. Poule 2. 1e J. Visser mei 66 punten, 2e J. Witteveen mei 64 punten. Poule 3. 1e H. Schrale mei 69 punten, 2e W. Boschma mei 68 punten. Poule 4. 1e B. de Vries mei 73 punten, 2e I. Osinga mei 64 punten. De foarsitter hat ek de frijwillige meiwurkers betanke foar it ynoarder meitsjen fan ‘e seal. Wêrop Hylke Schrale de foarsitter T. Grondsma foar syn grutte ynset as regelateur betanke út namme fan ‘e biljerters. Der kaam noch in meidieling, de ponghâlder Teerenstra dy seach de boaiem fan syn ponge, en hy woe graach 5 euro meer kontribúsje ha, no dêr hie gjin ien wat op tsjin, want se hiene sin oan wat.

Doe kamen de lidden fan de waarmhâlders en mochten wy yn de rige om op te skeppen. We hiene kar út trije skalen stamppot: boerekool, sypels en woartels, of mei andyvje. In dikke gehakbol of in stik woarst, dat lake de mannen temjitte, en it liet him geweldich smeitsje. Koartsein tusken de ierappels en ‘e brij kaam Klaas Teerenstra efkes oan it wurd, hy woe ’t efkes ha oer de spanning dy we hân hiene, en dy‘t noch kaam. Bouwe, sa stie wol oanjûn, dy stie der hiel goed foar. Klaas hat wat mei dreamen hy sjongt ek oer dreamballen, en no liet hy yn syn fantasije Bouwe dreame. Bouwe fielde op bêd yn in dream in hurd ding tsjin syn grutte tean, en doe rôp Bouwe nei Bettie ik wit is seker it is in Beker!!!!! Nei it neigesetsje wat ek tige lekker wie, ha we ús klupliet de dreamballen wer songen, it soe moai wêze dat dat op in CD opnommen waard.

SEAKLE 5X4Nei dat de stamppot in bytsje besakke wie, waard it wer tiid om foar de kampioensbeker te striden. Dêr kaam út dat J. Witteveen de 8e priis hie, W. Boschma de 7e, Ids Osinga de 6e, E. Muller de 5e, H. Schrale de 4e en J. Visser de 3e. De dream fan Bouwe kaam net út hy waard nûmer twa, dochs wol hiel knap foar in 80-plusser.
De kampioen en bekerwinner fan it Stampottoernoai 2014 is wurden S. Hettinga in terjochte winner dy‘t ek hiel moai en ek tige goed biljerte kin. Dêrmei wiene dizze moaie dagen, wer‘t mannen op jierren jong by bliuwe, wer efter der rêch.

Tige tank oan dyjinge, dy‘t meiwurke ha om dizze dagen slagje te litten.

Skriuwer F. Kuiper