Gedicht

12 maart 2014

in Verhalen

Gedicht

ien en ien
is twa
twa kear viif
is tsien
it is wier
mar myn hert
is oars

lingte kear breedte
is oerflakte
kear hichte
is ynhâld
it is wier
mar myn hert
is oars

de sinus fan 90
is ien
de kosinus
nul
it is wier
mar myn hert
is oars

de logaritme fan tsien
is ien
fan hundert
twa
it is wier
mar myn hert
is oars

massa kear fersnelling
is krêft
massa kear c kear c
is energy
it is wier
mar myn hert
is oars

elektronen en
protonen
neutronen en
de oerknal
it is wier
mar myn hert
is oars

fiif bôlen en
twa fisken
it is net wier
mar sa
is myn hert

fmf