Zij vielen in Wymbritseradiel

9 maart 2014

in Geschiedenis van Heeg

In wat frjemde fraach. Ik soe wol graach wat âldere eksimplaren fan myn boek ’Zij vielen in Wymbritseradiel’ (2000) weromkeapje wolle. Earst binne santema-febr-14je bliid as alles (1500 eksimplaren) ferkocht is, dan hawwe je wer te min. In tredde druk sit der net mear yn al haw ik dat wolris yn my omgean litten. Sa no en dan wurdt ik frege om in eksimplaar, û.o. troch samlers fan oarlochsliteratuer. Mar ek minsken út Ingelân en Australië – hast altyd famylje fan de omkommen bemanningsleden – freegje my noch wolris om in boek. In pear wike ferlyn wie ’t in nicht (omkesizzer) fan in yn 1943 omkommen bemanningslid fan Stirling EF343 dy’t graach in boek hawwe woe. Hja wennet op it eilân Man yn Ingelân (Isle of Man). Jo sille jo miskien ôffreegje, wat hawwe dy minsken oan in boek mei Nederlânske tekst? Wol dat is gjin probleem. Wy beskikke digitaal oer in Ingelske fertaling. (They lost their lives at Wymbritseradiel.) Yn Hongkong is it boek dêr oersetten foar neibesteanden fan de crash.

 

 

Mei it Nederlânske boek derby kinne hja dan genietsje fan it grutte oantal foto’s en oare yllustraasjes, dêr’t ek de ûnderskriften fan fertaald binne. Binne jo wiis mei jo boek dan moatte jo it net fan ’e hân dwaan. Mar der binne fêst minsken dy’t it lêzen hawwe en der neat mear oan hawwe. Sa’n boek soe in twadde libben krije kinne.

Heech, jannewaris 2014

Willem O. Santema