Skjin Skip

6 april 2014

in Ingezonden mededeling

Toanielfoarstelling Skjin Skip op tournee troch Fryslân
Mei: Piter Wilkens, Anja Steegstra en Johannes Arendz

Skjin Skip

Skjin Skip

De Toanielfoarstelling Skjin Skip makket yn maart, april en maaie in tour troch Fryslân op Teaterskip Bald’r. Op 28 maart wurdt yn Grou de premjêre hâlden. Skjin Skip is skreaun troch Anja Steegstra (tekst) en Piter Wilkens (muzyk). Nei de premjêre giet de foarstelling op tournee troch hiel Fryslân en sil it teaterskip yn ferskate plakken lizze, werûnder Snits (6 april), Wâldsein (11 april), Heech (12 april) en Sleat (13 april). Yn totaal binne der 17 foarstellings yn 15 plakken. Ynformaasje oer lokaasjes en kaartferkeap: www.skjinskip.nl.
De premjêre is útferkocht.

Regisseuse Elske Roorda Oer Skjin Skip:

Op eltse libbensreis moetsje wy wer nije minsken dy’t sa’n reis krekt wat moaier as krekt wat minder moai meitsje. Skoften kinne wy mei elkoar opreizigje en somtiden bliuwt it by in koarte moeting. As je dan op in leeftyd komme dat dêr hieltyd minder reizigers binne, tink je faak werom oan it ferline. Wêr hienen wy in oar beslút nimme moatten? De fraach is dan ek, hoe kin in minske it libben wer op streek krije? Foarbylden genoch want de ien set troch en spilet de stjêrren fan ‘e himel, de oare set syn koers út en faart selsbewust oer alle libbensseeën. Fansels bliuwe der minsken dy’t nei hiel wat omswâlkjen sels de leie yn ‘e hannen nimme. Ek yn dit stik gean Hannah, John en Charles op reis en dogge harren bêst om it wiere lok te finen. Nei hiel wat stoarmen makket úteinlik elts skjin skip!

Spilers: Anja Steegstra, Johannes Arendz, Piter Wilkens Rezjy: Elske Roorda