Ikkajopet!

13 oktober 2014

in Verhalen

Jozef Leenstra sil mei syn frou nei de Blommenriviéra fan Itaalje. Dêr ha se noch nea west, wylst it dêr sa skriklike moai skynt te wêzen. Dus Margje op in tiisdei nei it reisburo yn Snits. Dêr boekt se in reis fan tolve dagen nei Itaalje, mei in bus. As er te min dielnimmers binne dan kriget se tsien dagen foar de tocht ôfberjocht en it jild werom. Mar de juffer fan it reisburo hat er gjin noed oer – der is ’n protte belangstelling foar dit soarte reizen – earder te fol as te leech. Klear dus.
“En no moast do nei de winkel om in nije pet te heljen”, seit Margje tsjin Jozef. “Dyn âlde pet stiet styf fan ‘e smoargens en fan it swit. Die hat syn tiid hân. Die dochst no mar es yn ‘e kliko…”
Jozef is it dêr net mei iens. Seker, de pet is net nij mear mar hij sit Jozef as wie er foar syn kop makke. Hij is yn ‘e rin fan ‘e tiid súver nei syn holle ta stean gien.
Mar Margje is net fan har foarnimmen ôf te bringen. “Do hellest dy in nije pet en oars doch ik it!”Jozef wit no hoe let as it is. Hy giet nei it winkeltsje fan ‘e VVV yn ‘e Harinxmastrjitte en kloppet oan by de direksje.
ikkajopet“In nije pet graach en deselfde as die ik no ha – blau mei in grize rânne, ‘Fryslân’ mei lytse silveren letterkes derop en derboppe in pompeblêdsje yn ’t read…”
“Sjoch mar es yn die doase dêr’, seit de direkteur en wyst nei in grutte kartonnen doase die ’t op ‘e grûn stiet. “Dêr sitte al myn modellen yn. Sykje de pet dêr mar út…”
Der sitte in protte modellen yn mei allerhande frjemde figuren derop yn alle kleuren, mar Jozef syn pet sit er net by.
“Ha jo tafallich noch in oare doase?” freget er. De direkteur komt achter syn skriuwtafel wei en skarrelt mei Jozef om alle tafeltsjes en opsetsjes hinne.
“Dat is dan ferrekte jammer”, seit er as hja de winkel rûn binne, “mar jou pet sit er inderdaad net mear bij. “
Hy sjocht Leendert strak oan en fral nei syn pet.
“Dat is in normale pet”, seit er dan, “die bliuwt seker yn ‘e kolleksje, dêr bin ik wol wis fan. Ik bestel him hjoed noch… “
Hy pakt in stikje skriuwpapier. “Wanneer ha jo him noadich?”
Jozef fertelt him fan ‘e reis nei Itaalje en fan de foorwaarden fan Margje
“Wy sille sjen wat dêroan te dwaan is”, seit de man. “Ik doch jo berjocht sa gau as de pet er is. Skriuw jo tillefoonnûmer hjir mar even del. “
Jozef skriuwt it nûmer op fan harren mobieltsje.
“Asjeblieft! “seit er en jouwt it papierke oan de direkteur. “Sagau as de pet der is dan hear ik fan jo. “
“Ôfsprutsen!” seit de man. “Jo kinne der fan op oan.”
Jozef klompket nei buten. Dit is knap regele.

De dagen ferstrike mar fan ‘e VVV komt er gjin tillefoantsje.
“Gjin probleem”, tinkt Jozef. Hij hat ommers noch in pet en der is er eigenlik krekt sa wys mei.
De dei brekt oan dat de reis nei Itaalje begjinne sil.
“Hast nou al in nije pet?” freget Margje, krekt foardat se de doar útstappe.
“Wat hat de man fan ‘e VVV no sein”, prottelt Jozef , “ik belje jo sagau as de pet er is.
Hast do de man beljen heart?…”
Margje sjocht har man oan, sil wat sizze mar hâldt de lippen styf op’enoar.
Asjeblieft gjin rúzje mear flak foar de fakânsje.
Jozef set de âld pet op ‘e holle. Dan sette se ôf nei de bus.
De reis nei en yn Itaalje is prachtig. Hege bergen, grutte marren, fraaie gebouwen en âlde rotsooi troch’enoar– it is in merakel. De minsken yn ‘e bus binne alderaardichst. It iten en de keamer – gjin inkeld klaijen oer. Ja, men soe fensels wolris in lekker board fol jirpels en griente ha, mar jo binne no ienkear yn Ytaalje en dus haffelje jo alle dagen yn ‘e pizza’s en yn ‘e makarony om. Dat heart er no ienkear bij.

Op in dei, as hja ik wit net hoe heech yn ‘e bergen ride mei in rafijn ôfgryslik djip neist de bus – op sa’n dei giet it tillefoantsje. Jozef en Margje ha neat yn ‘e gaten mar de frou oan ‘e oare kant fan ’t paad skuort Margje oan ‘e mouwe.
“t Is jim mobyltsje!”, seit se.
Margje pakt har taske en hellet it mobyltsje tefoarskyn.
Der klinkt in raar gebrobbel út it apperaat. Margje jout it ding oan Jozef.
“Lústerje do mar even”, seit se, “ik ferstean der niks fan…”
Jozef hâldt it apperaat foar syn ear. “Hallo!” ropt er der lûd yn.
It folk om harren hinne wurdt no nysgjirrich en lústert mei.
Der komt opnij in raar, kreakjend gelûd út ‘e tillefoan.
“Ja hallo!!” ropt Jozef, “mei Jozef hjirre…”
En dan heart er in stim fierôf roppen : “Ikkajopet!”
Jozef is even stil. Dan begjint er te laitsjen.
“Ja krekt!” ropt er, “No snap ik jo… Jo ha myn pet! Mar wat jo net witte is dat Margje en ik yn Itaalje sitte, dus ik soe sizze: hâldt de pet mar even fêst. Ik helje him wol op as wy wer thús binne…”
“Dat wie de man fan ‘e VVV út Heech”, seit er tsjin Margje. “Hy hat myn pet.”

Oan it ein fan ‘e moaie reis, as Jozef en Margje wer feilich werom binne yn Heech, en Jozef him yn ’t VVV-kantoor oantsjinnet, seit de direkteur: ‘Ja, jo sieten die deis hielendal yn Kanada, as ik it goed begrepen ha. Ik ha de tillefoan der doe mar gau opkwakt, want oars wie jo pet wol ferrekte djûr wurden…!”
Jozef is dat hielendal mei him iens.
Hy ferlit mei in tefreden gefoel it kantoor en stapt op ‘e fiets, de nije pet yn ‘e bûse.

Symon van der Meer
’t Eilân 17