Liuwen yn de Pinepolder?

21 oktober 2014

in Verhalen

1944 De Dútsers wiene hjir de baas yn Nederlân.
Doe wie hjir oan alles gebrek, sa ek oan jêrn om sokken te breidjen.
No wiene der doe ek in heap ûnderdûkers dy’t har foar de Dútsers ferskûl hâlden.
Dy hâlden har dwaende ek om wat te fertsjinjen, mei in spinnewiel fan skiepwol jêrn te spinnen, dat froulju fan dat jêrn truien en sokken breidzje koene. No wie it sa dat skiepwol ek wer krap wie, om dat de boeren dy wol fan har skiep wer oan de Dútsers leverje moasten. Dus de spinners moasten de wol ek wer yn de swathânnel keapje. No lies ik yn in libbens ferhaal fan in âld Heegemer dy’t yn dy tiid in jongkearel wie. Hy skriuwt oer in lytse boer dy’t mei in boatsje moans betiid as it hast noch tjuster is, nei de Pinepolder ta roeide nei syn bisten, om de kij te melken.

Doe ‘t hy by syn bisten kaam seach hy fernúvere, en koe syn eagen net ljeauwe, trije fan syn skiep wiene út de wol knipt yn de nacht, mar de nékke en de hals net want dat wie gjin moaie wol. Der leine dan dy bisten yn ’t skimer, de boer wie der wis fan, dit wiene Liuwen,en hy naaide der út.

Doe ‘t it wat ljochter en helderder waerd gie de boer dochs mar wer nei syn bisten, want de kij moasten molken wurde, en doe wiene de liuwen wer skiep. De skriuwer koe him hiel goed yntinke dat knipte skiep mei in kraach yn ’t skimer op liuwen lyken. Hy koe ek hiel goed mei de boer,want hy skriuwde dat de boer platfuotten hie, mei der ûnder grutte ielknobbels mei in pit, as hy der moandeis kaam, dan moast ik,sa skriuwt hij, mei in skearmes zyn fuotten behannelje sa dat hy wer wat noflijker rinne koe.

F.K.