Tsjerkepaad Heech bestiet 10 jier

22 november 2014

in Verhalen

Hagha-tsjerke

Hagha-tsjerke

De Haghatsjerke yn Heech hat dit jier foar de 10e kear meidien oan Tsjerkepaad. Sa’n 250 tsjerken yn Fryslân wiene dit jier alle sneontemiddeis iepen fan healwei twaen oant fiif oere. Oer hiel Fryslân hawwe tûzenen minsken hjir oan meidien. Besikers út it hiele lân kamen der op ta. Mar ek ferskate bûtenlanners besochten de tsjerken, benammen yn de rekreaasjeplakken. Dat wie by ús ek it gefal.
Foar ynteressearre gasten is der in gratis folder mei de skiednis fan de Haghatsjerke. Se binne der yn it Nederlâns, Frysk, Dúts en it Ingels. Elts jier moat de foarrie oanfolle wurde.
De measte minsken komme om it gebou fan binnen te besjen en fansels it tsjerkemeubilêr. Yn de Haghatsjerke is dat al frij âld, bygelyks de preekstoel yn renêssânse-styl, dy datearret út ’e 17e ieu, lyk as it doopstek mei syn draaide balusters. In protte niget hawwe de besikers oan it prachtige oargel dat yn 1860 boud is troch de Firma L. van Dam & Soannen út Ljouwert.
Wat wy ús gasten spitigernôch net sjen litte kinne is de liedklok út 1615 en it yn de toer (bûtenwurking!) steande keunstige oerwurk út 1641. De minsken fine it al moai as it harren ferteld wurdt. Ek it ferhaal fan de ûnder de tsjerkeflier lizzende grêfstiennen fan de Harinxma’s thoe Heech moatte se mar op ús gesach leauwe.

De tsjerkepaadkommisje bestiet út trije man en dy wurdt bystien troch mar leafst tweintich entûsjaste frijwilligers dêr’t wy simmerdeis elts wykein eventsjes digitaal kontakt mei hawwe. Dit jier wiene der 410 besikers; dat is 20 % minder as it jier dêrfoar. De oarsaak is allicht it (te) waarme waar.
Yn de earste tsien jier hawwe der sawat 3500 (eksakt 3436) tsjerkepaad-besikers west!

Yn it gasteboek steane elts jier wer tige moaie opmerkings. Hjir folgje in pear:

    • Wat een ontzettend leuke geschiedenis heeft deze mooie gerestaureerde kerk en wat een aardige vrijwilligers waren er. (Blaricum)
    • Interessant te horen dat er samen met de katholieken diensten gehouden worden. (Noord-Brabant)
    • Leuk om te horen waar de naam Haghakerk vandaan komt.
    • Mooi om de kerk even te mogen bekijken. (Albert Poelman, verre nazaat van palinghandelaar Wieger Annes Visser.)
    • Hartelijk dank voor het mooie gesprek. Wij wensen de gemeente een goede toekomst. (Dorrestijn, Silvolde)
    • Mein Gott, ich würde hier in dieser prächtigen Kirche gerne einmal ein Konzert mit Bach-Programen ausführen! (I.G.)

Model fan ’e Haghatsjerke yn ’e hal.
Doe’t Folkertsma ús it model foar de earste kear toande, dûkte er ûnder de tafel dêr’t it model op stie en skeakele dêr in mini c.d.spiler yn. Jo leauwe it net mar út it oargel fan it model kaam tsjerkemuzyk! De frijwilligers wiene der stil fan.Op de tsjerkepaaddagen spilet yn ’e foartsjerke no altyd it Heegemer oargel; net al te lûd, mar je kinne it mei moai waar op ’e dyk hearre.
It earste jier brûkten wy in kochte c.d. Mar … dit jier krigen wy in c.d. fan Durk Bouma mei opnames makke op ús eigen Hagha-oargel.
Yn ’e tsjerkepaadwiken stiet der in prachtich model fan ’e Haghatsjerke yn ’e hal (= foartsjerke). De earste kear wie dat yn 2013. It model is makke troch Gerrit Folkertsma. De bûtenkant is bysûnder moai, mar as men it dak der ôf tilt, witte jo net wat jo dêr sjogge: de sitplakken, it doopstek, de preekstoel en ja wrachtich it oargel! Hoe moai!

  • Heech, oktober 2014.