Farwol, Foekema’s Watersport

24 december 2014

in Verhalen

De kûgel is troch de tsjerke, foargoed. Goed fjirtich jier hat op it Eilân it wettersportbedriuw fan eartiids Foekema en no fan Johan Oost bestien. Dizze neisimmer is dêr in ein oan kaam.
Johan Oost hat de fyfensechstich te pakken. Hy en syn frou Oeke ha wol trije bêrn mar der sitte spitichgenôch gjin opfolchers tusken. Se ha lange tiid socht nei nije gegadigden. Krekt foar it ein fan it jier 2013 hat de gemeente  Súdwest-Fryslân it bedriuw oankocht. Om der no sels wettersport te bedriuwen? Nee, dat net. De úteinlike bedoeling is om it oansjen en de wetterkant fan it doarp Heech te ferbetterjen troch op it plak fan ‘e jachthaven moaie wenningen te bouen en foar elke wenning in haventsje.
Dat moat it oansjen fan Heech fan it wetter ôf in stik better meitsje. Seit men. Mar ûnderwilens giet de jachthaven mei syn meer as hûndert lisplakkken wol moai nei de barrebiesen.
Symon van der Meer hat koartlyn in petear hawn mei Johan Oost oer dy syn erfaringen yn die ôfrûne fjirtich jier.
Yn in brief oan syn pakesizzer Julius yn Kanada fertelt Van der Meer no oer dat petear. Julius kaam yn syn jonge jierren yn ‘e fakânsje faak by syn pake en beppe op it Eilân.
Mocht as opslûpte jongen sa no en dan by Johan helpe. Studearret no geology en sit op dit stuit hiel heech yn Kanada as stageair by in oaljemaatskappij.

De brief hjirûnder giet dizze moanne noch nei Kanada.

Bêste Julius,
Noch in pear dagen en it is âldjiersdei. Mar foardat dy dei oergiet yn nijjiersdei wolle wy dy noch even fertelle oer de lêste ûntwikkeling oangeande de jachthaven.
Dat de gemeente Súdwest-Fryslân ein 2013 Foekema’s wettersportbedriuw oernaam dat hiene wy dy fan ’t simmer al skreaun. Op dat stuit murken wy der noch net folle fan. It wie doe noch allegeare drokte fan silers en skippers en boaten, mar dat is no oer. It is sûnt oktober deastil yn ‘e haven.
Johan Oost hat sadwaande tiid om âlde herinneringen op te heljen. Moaie herinneringen mar ek fertrietlike dingen. Wy sille dy dêr yn dizze brief wat oer fertelle.

Haven Foekema

Haven Foekema

Wylst Johan noch wat yn syn archief sit te sykjen komt syn frou Oeke mei in pear hiele âlde plattegrûntsjes en ansichtkaarten. Dy binne noch út de tiid (ein sechsticher jierren) dat har heit Rindert Foekema op it Eilân de earste ynstekhaven fan Heech iepent. Dat wie doe hiel wat, mei in foto en gâns in artikel yn ‘e krante.
Dat is yn ‘e tiid dat by min waar it wetter soms dwers oer de steigers slacht. Dan kin Foekema mei syn boatsje oan de doar fan syn wenning tafarre.
De man hat in foarútsjende blik. It is yn de tiid weryn boubedriuw Bohan mei syn plannen komt foar de bou fan rekreaasje-bungalows. Foekema en Bohan wurde it iens oer de koppeling fan dy wenningen oan de útwreiding fan de jachthaven. Wa’t in wenning fan Bohan keapet kin op itselde stuit in lisplak yn ‘e jachthaven hiere.
Wy sprekke no oer it midden fan ‘e santicher jierren. Dan is Johan Oost al in hiel oantal jierren  yn ’t byld. Hy wurket as proces-operator by Shell yn Rotterdam, kriget ferkearing mei Oeke Foekema en sit sadwaande yn syn frije tiid mear by syn oansteande skoanheit yn ‘e haven as by Oeke. “Mei wa hast no einliks ferkearing, Johan…?!”
It akkordearet lykwols hiel aardich – nei beide kanten ta.

Johan seit syn baan by Shell op en komt by Foekema yn ’t bedriuw. De jongelju troue en komme yn Spijkenisse te wenjen. Nei goed twa jier ferhúsje hja nei Heech, alhoewol ’t dêr noch gjin wenning beskikber is. Dan mar salang yn in caravan, nêst it plak wer‘t de nije wenning komt te stean. Dy wenning is hast klear as der op in foarjiersdei yn 1979 ynienen flammen oerslaan nei de caravan. Dat hie in ramp wurde kinnen. De caravan fleant yn ‘e brân. Johan en Oeke kinne op it alderlêste momint de beide bêrn en harren sels út de brânnende caravan rêdde. Johan moat noch wol fjirtjen dagen yn it sikenhûs trochbringe. Soks ferjit men net  gau.

Yn itselde jier betrekke se de nije wenning en fyf jier letter – yn 1984 – kin Johan it bedriuw fan syn skoanheit oernimme. En wat foar in bedriuw!
In modern wettersportbedriuw mei hûndert lisplakken, in trailerhelling, in mobiele kraan, moderne wasplakken, toiletten, douches, wasserette ensafuorthinne.
Stiet dat dêr allegeare yn 1984? Nee, mar it is yn ‘e rin fan de tiid dat it bedriuw him stadichoan fierder útwreidzet.
Yn ‘e simmer ferhiere hja de boaten – yn alle maten en gewichten – en yn ‘e wintertiid slane se dy op, bûten op it terrein en binnen yn ‘e loads.  Yn ‘e loads kinne Johan en syn meiwurkers yn ‘e winter ek oan ‘e slach mei reparaasje- en skilderwurk.

Yn dyselde lêste jieren fan de foarige ieu stiet Johan Oost op in dei mei syn buorman Gerritsma te praten. Gerritsma (fan de prachtiche boat G2) hat in stik lân kocht yn it Bûtlân, mar hy is ek noch eigner fan it perseel nêst Johan. Dat perseel soe Johan der wol by ha wolle. De beide mannen wurde it iens oer de keap en sa beslacht it wettersportbedriuw Foekema noch foar it ein fan de tweintichste ieu it hiele perseel fan Visserman ôf oant it rekreaasjepark It Eilân ta.

It is foarby

It is foarby

En Julius, dat moaie bedriuw is no slúten. Nei fjirtich jier is it ticht. Skiednis. Histoarje. Wy fine it jammer, net allinne foar Johan en Oeke Oost mar ek foar ús sels. Us boaten sille in oar plak sykje moatte. Mar it begruttet ús noch it meast foar Heech. Heech sil it tenei sûnder de jachthaven fan Foekema dwaan moatte. Is dit it hiele ferhaal? Nee Julius, it is noch net hielendal foarby.

Oeke komt noch even langs. “Hat Johan noch fertelt fan syn swemparty? Nee? Dat ferhaaltsje heart er dochs wol by. Johan komt op in dei op syn lytse fiets hastich de steiger opfleanen. Johan is altyd hastich. Hoe’t it komt wit er sels net mear mar hy makket ûnderweis in ûnhandiche manoeuvre en ploemp… mei fiets en al sjit er it wetter yn. Sommige wettersporters slaan fan skrik de hân foar de mûle, mar hja leitsje harren slop as Johan as in fersûpte kat de steiger wer opklâddet…”
Seit Johan: “Dit stikje kin er wol út! “ Mar Oeke kriget gelyk.

Bêste Julius, wy winskje dy en al dyn maten in goeie jierwikseling ta en alle goeds yn ’t nije jier. Oan ’t sjen yn 2015!

Symon van der Meer