Biljertklup De leste Stoat

3 februari 2015

in Biljart

Ferslach fan it toernoai fan de biljertklup De Lêste Stoat
op 6-7-8 jannewaris 2015

De tiisdeisploech en de tongersdeisploech hiene elkoar foar de krystdagen al efkes hifke wa’t it bêste wie. No dat moast de tiisdeisploeg ta jaan, en dat wiisden de sifers út mei 112 tsjin 141 punten wie de toansdeisploeg it sterkst. It wiene gesellige middei’s mei wat yn in gleske, en we giene sa as wy dat went binne mei in traktaasje, in lekker stik gebak kocht troch de ponghâlder fan ‘e klup, wer op hûs oan.

Der is toen ôfpraat dat wy 6-7 en 8 jannewaris 2015 in stamppot toernoai hiene, mei trije biljerttafels yn it Heechhûs. En dat is ûnderwilens al wer efter de rêch. It wie wer âlderwetsk gesellich, mei in soad geswéts en in sûnne spanning, want it binne allegear bêste en poerbêste biljertters, mar troch de spanning binne de útkomsten wolris wat minder.
De 32 spilers wiene yn fjouwer poules ferdield, en de winners dêrfan, poule 1: C. de Jong 1, en J.P. Hettinga 2. Fan poule 2: J. Witteveen 1 en T. Grondsma 2. Fan poule 3: W. Boschma 1 en K. Teernstra 2. Fan poule 4: D. Ypma 1, en D. v/d Schoot 2.

Dizze winners moasten nei dat we meielkoar lekker iten hiene, tsjin elkoar om toernoai winner te wurden. It fâlt op dat eardere toernoaiwinners faak wer by de priiswinners binne. De reserve spilers Korche en D. Tilkema ha de leden I. Osinga en J. v/d Schoot ferfongen, om dat dy siik wiene. W. Boume en J. v/d Heide binne efkes bysprongen foar twa partijtsjes, de foarsitter hat se hjir foar betanke.

We ha de lêste dei wer tige lekker iten by Sybout en syn help, ek al troch dat der oan de bar al wat praatfocht ynnommen wie, mei der noch ien oerhinne op rekken fan de ponghâlder, wie it gesellich yn it restaurant. It seach der feestlik út, en mei dat Sybout de lidden fan de skalen helle, mochten wy tafel foar tafel opskeppe mei keus út treie soarten stamppot mei gehak, woarst en spekjes. No dat foel der lekker yn, oan de tefreden gesichten te sjen. Dêrnei hat ponghâlder Klaas in stik foar ús songen, it gie oer, wat der yn in biljertter om giet, as dy in partij spilet en it net giet sa as hy sa graach woe, wy koenen der o sa yn mei fiele. Mar der wiene ek guon dy‘t it klupliet misten, en ha Klaas der om fersocht.

W. Boschma 1ste prijs

W. Boschma 1ste prijs

Mar der mast earst noch in neigesetsje komme sei Klaas, no dat foel der yn by de mannen. En der kaem it klupliet dreambollen oerhinne, mei it refrein songen troch alle biljertters, no dan kin san dei net mear stikken. Doe moast der noch wol foar de toernoai prizen spile wurde, en dat gie oan, mar de skerpte wie der wat ôf. Willem Boschma waert de man, de earste priis mei syn namme foar de twadde kear yn de wikselbeker.

J. Witteveen 2de prijs

J. Witteveen 2de prijs

J. Witteveen twadde, C. de Jong tredde, Douwe Ypma fjirde, foarsitter T. Grondsma fyfde, K. Teernstra seisde, J.P. Hettinga sânde en de achtste foar D.v/d Schoot.

C. de Jong 3de prijs

C. de Jong 3de prijs

Nei de priis útrikking troch de reserve foarsitter H. Schrale wie dit moaie toernoai oan in ein kommen. Hulde komt dy mannen ta, dy‘t de seal mei de biljerttafels ree makke ha, en net te ferjitten foar it rekkenwurk dat san toernoai freget,   tige tank.

Skriuwer F. Kuiper