Nijjiersgrapke

2 februari 2015

in Verhalen

Deis nei de jierwiksel komt ús dochter op besite nei Heech. Hja komt mei it iepenbier ferfier. Dat is noch in hiel gewraksel. Earst mei de trein nei Ljouwert, dêr oerstappe yn ‘e trein nei Snits en dêrwei fierder mei de bus nei Heech. It is knap drok yn ‘e trein. Dochter kin net mear yn ‘e coupé te plak en kriget in plakje yn it middenstik. Dêr kin se op in klapbankje sitte. Moai, oant safier.
Underweis nei Snits stoppet de trein yn Mantgum. Dêr rûgelje der wat minsken út en in stikmannich oaren komme der yn. Dy ha dus ek gjin sitplak. Hja hingje yn it middenstik oan en tsjin de izeren stangen.

Der is ien âldere mefrou tusken de reizgers, mei in pear tassen. Dy set se neist har fuotten del.
Us dochter freget har of’t se op it klapbankje sitte wol.
Dat hie se better net dwaan kint.
De mefrou lêbet: “Wêrom freegje jo dat… Sjoch ik er soms sa âld út, of sa súterich?” Hja sjocht by har lichem del en spriedet har earmen. “Jo hoege my net te freegjen of ik sitte wol. Ik ha dat net nedich, ik stean wol!”
Us dochter is súver wat ferbjustere. Dan seit se: “Jo moatte moai dwaen wat jo net litte kinne. My is altyd leard: Opstean foar in âldere misstiet gjin minske…”.
It frommis reagearret direkt feninich werom: “No ha jo it wer oer in âld minske. Ik sis jo noch ien keer: ik bin net âld en ik wol ek net dat jo dat sizze. Sa is dat!”
Us dochter sjocht har oan en tinkt: “Lit mar sitte. Se is net wizer…”
Mar in jonger frommiske neist de âldere frou, kenlik hár dochter, giet dit te mâl.
“Mem!” seit se, “stel dy dochs net sa oan. Dizze mefrou bedoelt it goed, dan moat jo har dochs net op sa’n manear delsette. Dat liket dochs nergens op. Jo moatte har jo ferûntskuldiging oanbiede…”

De oare reizgers yn it middenstik keare harren wat om nei de beide froulju. Wol aardich, skine se te tinken, sa’n akkefietsje tusken in mem en har dochter. Der gebeurt oars ek al net sa folle yn ‘e trein.
De mem wurdt no echt lilk. “Do moast dy hjir net mei bemoeie!” seit se op in skerpe toan. “Dit rêd ik sels wol op. Ik bin gjin bêrn, tink dêrom!…”
De dochter: “Minske, wyn jo doch net sa op!” Hja draeit har demonstratyf om en sjocht nei bûten.
De mem stapt no oer har tassen hinne en giet flak foar de dochter stean. Har stem sakket as hja har dochter tasprekt.

De oare reizgers geane der no echt foar stean. Dit wolle se net misse. Mar de mem is no hast net te ferstean. Hja stjit har wurden siskjend nei buten. De dochter kriget omraak it leksum, sa folle is wol dúdlik. Mar de dochter is ek net fan juster en sisket krekt sa hurd werom. En dat hâldt in aardich skoftke oan. Jammer jammer, it is hast net te ferstean mar moai is ’t wol.
De rûzje giet noch in skoft troch. As Snits yn ’t sicht komt lykje de mem en de dochter it spul hast útfretten te hawwen. It siskjen hâldt teminsten wat op. En wat bart er as de trein op it Snitser stasjon stoppet en ús dochter it perron opstappe sil?

Dan bûcht de âlde frou har in bytsje oer nei ús dochter en dan seit se yn ’t foarby gean:
“Dat ferhaaltsje fan sakrekt, oer dy âlde frou, der moatte jo niks efter sykje, dat wie mar in grapke fan my…”
Dan ferdwynt hja tusken de minsken, mei har tassen en mei har dochter.

Symon van der Meer