Old soldiers never die…

3 maart 2015

in Verhalen

Neitins oan it libben fan Grietje ‘Maggy’ Koopmans

It is yn it foarjier fan 1921 as op de buorkerij fan Uiltje Koopmans en Jeltje van der Gaast it fjirde bêrn har earste libbensljocht sjocht: Grietje. Har broer Pier en har suskes Antje en Anneke steane net lang dernei mei syn trijen om ‘e widze hinne. Grietje is wolkom, mar in knap, kreas bêrntsje – nee, dat kinne se net sizze.
De buorkerij stiet yn Langwar, oan ‘e oare kant fan de Wielen, yn Boarnswaech. Koopmans moat elke dei mei syn motorboat ‘De Scholier’ de bêrn oer it wetter nei  skoalle ta bringe en middeis wêr ophelje. Op fersyk fan ‘e lânheer ferhúzet de famylje nei in buorkerij yn Diken, hielendal oan ‘e oare kant fan Langwar mar sûnder mar en wetter dertusken. Koopmans hoecht no net mear deis twa kear mei de boat op paed en de bêrn kinne rinnende nei skoalle.

Dy skoalle is foar Grietsje gjin súkses. Se hâldt net fan rekkenjen en taal en master Venekamp is neffens har fierstente strang. Har jongste suske Corrie, dy’t in pear jier nei har op ‘e wrâld komt, hat dêr absolút gjin lêst fan. Dy giet flot troch de klassen hinne en dan fia de Mulo nei de HBS. Mar Grietsje is slim en gewykst. Se skriuwt de útkomst fan de rekkensommen oer út it boekje fan de master sûnder dat hy it merkt. Sa komt se der ek. Se moat yn Snits nei de húshâldskoalle, mei de bus fia Spannenburg. It gebeurt regelmjittich dat se der útstapt. Lit Snits him sels mar rêde.

Wat moat je no mei sa’n famke? Yn it leger miskien? Dêr kinne se har dissipline learre. Wat tinkt Grietsje dêr sels fan? Dy fynt dat hielendal gjin raar idee. Har broer Pier hat nei syn feeartsenij-stúdzje yn Utrecht in oplieding krigen foar tsjinstplichtich ofsier.
Hy is no reserve-luitenant. Dêr soe se ek wol niget oan ha mar dat slagget har net. Wat har wol slagget is in baan by it VHK (Vrouwen Hulp Korps). Dat Korps is direkt nei de twadde wrâldoarloch aktyf yn Nederlânsk East-Indie, wêr’t de ynlanners probearje selsstânnich te wurden. Griet moat dan earst wol in oplieding folgje yn kasteel Bouvigne by Breda. Dat kriget se klear en yn 1946 stapt se oan boat fan de Indrapoera, ûnderweis nei it fiere East-Indie. It is gjin lúkse reis –  tolve froulju yn ien cabin mei fjouwer bêden en 35 oant 40 graden Celsius – mar wat se dêrnei meimakket is hast net te beskriuwen. De wrâld giet foar har iepen, in natuer sa moai!

Mar wat se fierder yn East-Indie belibbet is minder moai. Se sjocht it risseltaat fan it fjochtsjen. Der binne foto’s fan har fan frachtauto’s mei deade soldaten, foto’s fan eksekuusjes. Dat makket in djippe yndruk op har. It rakket wat oer as se yn 1950 werom komt en hielendal as se yn Langwar arriveart – dêr hingje de buorren fol mei flachjes! Dat is nochris in wolkom thús!

Langwar, wol se dêr bliuwe? Welnee, it ferlangen nei frjemde fierten lûkt en it bliuwt lûken. Yn 1950 stapt se opnij op de boat, ûnderweis nei Amerika. Op goed gelok, ‘zonder vent en zonder cent’, sa ’t se seit. Se wol Amerikaans steatsboarger wurde mar dat falt net mei. Se reizget sawat heal Noard-Amerika ôf om alle papieren en fergunningen en fierdere benoadigdheden by inoar te harkjen. Ûnderwilens hat se hûndert en ien ferskillende baantsjes om de kost te fertsjinjen. Se wurket op de Nederlânske ambassade yn Washington as yn Hollân de diken trochbrekke. Yn dat ferbân kin se op de ambassade mei har steno-diploma foartrefflik wurk dwaan. Wat se no noch nedich hat is in sponsor, ien dy’t ‘door dik en dun’ boarch foar har stiet, ien dy’t it betrouwen hat fan it regear, gjin misstappen dien hat, trou de belêstingen betelle hat ensfh. ensfh.

En wa kriget se sa gek? De kommandante fan it Womens’ Army Corps. Dy hat genôch fertrouwen yn har militêre eftergrûn en har erfaringen yn it East-Indië fan eartiids. Nei fiif lange jierren en op it alderlêste momint hat se einliks it Amerikaanske boargerskip te pakken.
Se meldet har oan by it USA-leger en wurdt dêr oannommen. En dan begjint er in nij libben foar Griet, dy’t har namme ûnderwilens feroarje litten hat yn Margaret. “Sis mar Maggy”.

Se reizget troch hiel Amerika en wennet yn kazernes yn Alabama en yn Georgia, yn West Point en Washington en yn noch folle mear steaten. Op in gegeven momint sit se sels yn Vietnam. Der is in dokumint fan 2 juni 1968 bewarre bleaun wêryn generaal Creighton Abrams ferklearet de Bronze Star Medal te ferlienen oan Grietje Koopmans fanwege ‘meritorious achievement against hostile forces’.
Se docht yn haadsaak wurk op it buro, mar se jouwt dêrneist ek militêre training en hâldt tasicht. Se neame har ‘mem foar de soldaten’. Se kriget dêr de rang fan sersjant 1e klas.

Maggy is no wol Amerikaanse mar se komt oarspronklik út Europa en dat betsjut dat it US-Army gebrûk meitsje kin fan har talen as se har yn Europa brûke kin. En sa kriget se taken ‘overseas’, werom yn Europa. Se ferhúzet nei Heidelberg yn Dútslân en noch letter nei Parijs en nei Brussel. Se wurket by SHAPE (Supreme Headquarters) en foar de NATO. En ûnderwilens sammelt se ferskillende ûnderskiedingen en medailles by inoar. Der is in foto wer ‘t se de hiele kolleksje op setten hat – alle kleuren by inoar en troch inoar.
Se kin no sa no en dan ek makliker nei de famylje yn Langwar. Dat docht se. Dan komt se yn har militêre uniform of se ferskynt yn in koarte denim-rok, koarter as men yn Langwar went is. Blauwe eachskaad, kleur op de neils. It is har libben en sa wol se it libje.

As se 55 jier wurdt mei se mei ûntslach, mar hokfor minske wol op sa’n leeftiid al thús sitte. Maggy seker net. Se lêst in adfertinsje fan in Amerikaansk ingenieursburo Badger yn Voorburg. De direksje is bliid mei har brief. Se nimme har graach oan. Tsien jier makket se fol by it bedriuw. Dan jowt se de piip oan Marten.
Se komt no regelmjittich en faak op de meast ûngelegen mominten nei Langwar. Heit en mem bliid, broer en susters soms wat minder. Grietsje hiert in wenning yn ‘e Jouwer, mar se sit noch it meast yn wat se har fakânsjewenning neamt, in húske yn ‘e Foekjessteech.

In stikmannich jierren ferlyn is har broer Pier stoarn. Hy wie syn libbenlang feearts yn Sint Nyk en Griet wie syn fan. Der is yn ‘e famylje ôfsprutsen dat in oantroude neef, dy’t dominy yn Haarlem is, de routsjinst liede sil. Grietsje hat har foarnaam om in Yn Memoriam út te sprekken. De dominy sjocht dat se mear as tsien blêdsiden yn ‘e hân hat, wylst de begraffenisûndernimmer al op syn horloazje stiet te wizen. Nei trije blêdsiden foarlêzen freget de dominy Griet om de oare acht siden op in letter momint foar te lezen. Dat hie er better net dwaan kind. Griet sil him nei dy tiid net meer oansjen, net op strjitte en net yn har hûs.

In hiel skoft letter is der yn ‘e herfoarme tsjerke fan Langwar in tsjinst wêryn de pleatselike dominy preket oer fersoening. De dominy fan ‘e begraffenis en Grietje sitte beide ûnder syn gehoor. Nei ôfrin en bûten de tsjerke freget de neef: “Soene wy ek mar werris prate, tante Griet?” Griet sjocht him oan, slikket even en seit dan: “Oké Sybout, en dan drinke we yn myn hûs in kop kofje…”

Op it ein fan it ôfrûne jier brekt Griet ien fan har heupen. Se wurdt opnaam yn ‘e Jouwer, yn it Theresiahûs. Griet is fan miening dat it no moai west is. Se is 94 jier. It is goed west. Se giet op bêd lizzen, nimt gjin medisinen meer yn, gjin iten meer en gjin drinken.
Yn ‘e nacht fan 7 jannewaris dit jier blaast se har lêste siken út.

Op har eigen fersyk wurdt se yn har Amerikaanske legeruniform yn ‘e kiste dellein. De kiste wurdt op de dei fan de begraffenis yn ‘e tsjerke fan Langwar delset mei de Amerikaanske flage oer it fuottenein. As de gemeente en de kist de tsjerke ferlitte wurdt it Amerikaanske folksliet spile.

Op de 12e jannewaris 2015 wurdt it lichem fan Grietje Koopmans op it tsjerkhôf fan Hommerts yn it grêf fan ‘e famylje lein.
Oan har lange libben is nei 94 jier foargoed in ein kaam.

Symon van der Meer