‘In wolf yn Heech’

13 april 2015

in Verhalen

By de yngang fan it Heempark stiet in lyts famke fan in jier of trije, fjouwer, mei blonde krullen. Se liket in bytsje te stoeien mei in grutte hûn. It bist springt om it famke hin en wer. It is rossig-brún fan kleur en hat in wite râne om syn bek. It famke fynt it moai en slacht mei har beide hânnen nei de hûn. De hûn jouwt sa no en dan in knauw yn har rjochting. It famke laket dan hurd en slacht noch hurder nei de hûn.
Myn frou en ik steane it freedsame tafriel even oan te sjen mar ûnderwilens oerlizze wy of dit einliks wol sa freedsaam is. Soe de hûn it famke net bite kinne? It bêrn hat blykber neat yn ‘e gaten. Moatte wy hjir wat oan dwaan? De hûn fuortjeie?
Gelokkich komt er in mem oandraven. De hûn ferdwynt tusken de beamen fan it park en de mem nimt it famke mei. Klear. Fraechstik oplost.

Op de middei fan deselfde dei rinne wy foarby de jeugdherberch Stayokay ûnder it tunneltsje troch nei de oare kant fan it wetter. En sjoch, wat stiet der oan ‘e râne fan ‘e feart? It is de hûn, deselfde as dy by it Heempark. Hy sjocht wat ferwyldere om him hinne. As er ús út it tunneltsje tefoarskyn kommen sjocht nimt er in beslút. Hy nimt in raam en springt sûnder nei te tinken sa it iiskâlde wetter yn. Dwers oer de feart swemt it bist nei de jeugdherberch. Hy brûst troch it wetter. Oan ‘e oare kant klâddet er by de wâl omheech en stiet him dan breedút droech te spielen. Hy sjocht noch even efterom, nei ús sta.  Dan draaft hy fierder en ferdwynt tusken de gebouwen.

Myn frou pakt my by de mouwe fan ‘e jas. “Soe dit bist misskien de wolf wêze kinne wer ‘t de kranten oer skriuwe?” Wy sjogge inoar oan, in bytsje skrokken. Myn frou kriget har gelyk. Dit is de wolf. Selde kleur, selde gruttens, selde wite rântsje om ‘e bek. Dit bist is tiiden lyn út Poalen fertrokken, hat de lange reis makke dwers troch Dútslân hinne, komt yn maart by Drinte ús lân binnenstappen en is no fia Grins yn Heech terjochte kommen. Sa moat dat gien wêze. Dit is de wolf!

Djip yn ‘e nacht hearre wy it bist opnij. In lange skreauw skuort de stiltme fan ‘e nacht  kapot. En noch ien, en noch ien. Wy rinne nei it raam en sjogge nei buten. Mar de moanne is fuort en Heech is donker. Ik lûk wat klean oan.
“Doch foarsichtich! “seit myn frou, “it is in wolf!” Ik skarrelje yn it tsjuster achter de loads fan foarhinne Foekema’s Jachthaven lâns nei it gêrsfjildsje neist de haven. Ynienen wer in  skreauw, lûder en langer dan de foarige. Troch it finster fan ien fan ‘e twa caravans, dy’t dêr leech steane, sjoch ik twa felle ljochtsjes wjerskynen. It binne de eagen fan ‘e wolf. Ik wit it seker. En it is de skreau fan in bist dat ûnwennich is fan har famylje. Dat bist sit hjir no yn in leeche caravan yn Heech, iensum en allinnich.

Deis derop lêze we yn ‘e krante dat de wolf fertrokken is, werom nei Dútslân. Wy sjogge inoar oan. Hoe kin dit? Wa hat dit berjocht betocht?
Ik rin nei de caravan en doch de doar iepen. En wat leit dêr op in kessen te sliepen? De wolf. It bist springt oerein en rint op my ta. En as ik sis: “Kom mar mei!” dan rint it bist moai nêst my mei nei ús wenning.
Foar de doar giet er lizzen. Wy jowe har in stik bôle en wat wetter.
En ûnderwilens freegje wy ús ôf wat wy hjir no mei oan moatte.
As it de echte wolf is, ja, wat dan? It is in offisjeel beskermd bist. En as it dochs samar in gewoane hûn is en wy melde har by de plysje oan as wolf dan meitsje wy ús foargoed belachlik. Wy witte it net goed.

Wy betinke úteinliks dat we it oansjen sille. Wy kuierje drekt mei it bist troch Heech. As ien fan de lêzers fan dizze Sylboade ús rinnen sjocht en it absolút net fertrout – lit it him of har dan sizze. Bliuwt it kalm ûnderweis, dan kuierje wy moai troch. En as it bist sels nei har famylje werom wol – it stiet har frij. En de caravan fan Foekema is ek altyd noch beskikber. Mooglikheden genôch. Sa sille wy it oanpakke.
Jim hearre hjir noch fan

Symon van der Meer