De Josefblom

14 juni 2015

in Verhalen

De hûzen en de apparteminten op it Eilân ha gjin grutte túnen foar de doar. Einliks binne it net mear as in pear skiteriche postsegels. Mar de wenningen binne ek net orneare foar permaninte bewenning. Yn de measte gefallen giet it om in fakansjebestimming en dan hat min wol wat oars te dwaan as yn ‘e tún omskreppe. It nimt net wei dat de túntsjes der wol kreas by lizze moate. En dêr wurdt oan wurke.

 

It Eilân

It Eilân

In skofke lynt binne der in nije man-en-frou op it Eilân delstrutsen. Warbere minsken fan middelbere leeftyd. Earst nimme se harren hûs binnenyn ûnder hânnen. As wy der no foar lâns rinne sjogge wy dat it er blinkt as in spegel. Dan kriget it hûs oan ‘e bûtenkant in bar. Skjinmeitsje, opknappe, skilderje. As nij. En as lêste it túntsje.

De man fertelt dat in stichting, dy ’t him om earme bêrn bekroadet, syn adres ûntdekt hat. Sûnt die tyd kriget hy regelmjittich in fraach om derby te helpen, mei in gift. As tsjinprestaasje stjoert de stichting him ôf en ta in pûtsje blommesied ta.

De earste kear is it in ‘bloemenmengsel voor vlinders’. De man wol it mingsel brûke foar de rânne fan syn túntsje. Dêr kinne se dan yn de blommetiid moai fan genietsje. Hy knipt it pûtsje iepen, rûgelt de ynhâldt op in pantsje en rint er mei nei de tún. Dat hie er sa net dwaan moaten. As er de doar útrint komt er in fleachje wyn. It sied waait yn ien kear alle kanten út. Dêr komt dus niks fan terjochte.

By de twadde sinding sjocht de man better út syn doppen. Hy knipt it pûtsje wer iepen mar lit it sied yn it pûtsje sitten. Hy rint er mei nei de rânne fan it túntsje, rûgelt de ynhâldt tusken it gêrs en rommelt er mei de harke wat grûn oerhinne. Der komt opnij niks fan terjochte.

De man hat geduld. As dit foarjier de trêdde sinding komt spit er earst in stik fan syn túntsje om en harket dat soarchsum oan. Oerienkomstich de tekst op it pûtsje (‘paradijs voor lieveheersbeestjes’ stiet er oan ‘e bûtenkant) ferspriedet er it sied oer de oanharke grûn en bedekt it dan mei in tin laachje ierde. Hy besproeit it yn it begjin regelmjittich en lit it dan fierder oer oan de natuur. ‘Bloemen houden van mensen’, dat stiet net foar niks op it pûtsje.

En wat gebeurt er no dizze simmer yn it túntsje fan de minsken?
De plantsjes út it pûtsje binne net allinne moai opkommen mar hast eltse dei komme der ek nochris nije blommen oan de plantsjes. It túntsje sjocht  suver bûnt en blau fan de kleuren. De nammen fan de blommen witte se net út ‘e holle. Dêr freget trouwens ek gjin minske nei.

Ién blom ha se self in namme jown. In prachtige giele blom. Op in jûn stiet er samar moai yn bloei. Om de blom hinne steane elf oare blommen, mar allegear noch yn knop.
Op in goeie moarn komme de man en de frou nei bûten en wat sjogge se dan? De knoppen fan de elf binne yn ien kear iepenbrutsen. Die blom jouwe se de namme fan Josefblom, nei it Genesisferhaal oer Josef, de masterdreamer.
Hja binne tsjerkse minsken. It bloed krûpt wer ’t einliks net gean kin.

Symon van der Meer