Feest by ‘firma de Buterblom’

22 november 2015

in Verhalen

Der is ooit in tiid west dat moaie âlde Fryske nammen net meer moai wienen en derom net meer brûkt waarden. Nammen as Sjoerd en Douwe wiene âlderwetsk, raffelig, dus oan ‘e kant dermei. Itselfde mei Gryt en Aeltsje. Sokke rare nammen, dêr stjûr je dochs gjin lytse bêrn mei de wrâld yn. Nije nammen dus, leafst Frânske of Ingelske of noch fierder wei.

Yn de fyfticher jierren fan de foariche ieu meitsje heit en mem De Boeter yn de Snitser Krante ‘blied en tankber’ de berte fan harren soantsje Geoffry bekend. Yn dyselfde snurrie komt by harren buorren, dat is de famylje Blom, in dochterke op de wrâld. It famke hat blonde kroltsjes en is sa Frysk as wat, mar har namme wurdt Alice, op syn Ingelsk. De bêrn sels ha der gjin lêst fan, heechút harren maatsjes. Geoffry blykt net maklik út te sprekken. Dat wurdt dus Sjors. Hy giet letter nei Delft ta om dêr te studearjen. Alice wykt út nei Grins en wurdt dêr dosinte.
Yn de wykeinen komme se faak thús by harren âldelju, yn Fryslân. Se moetsje inoar, meitsje dan in praatsje en noch letter geane se by inoar op besite. Earlik is earlik: hun nammen sitte hun net yn ‘e wei. Sterker noch – Sjors en Alice meie inoar graach leije. Se krije ferkering en yn de tachticher jierren trouwe se.
Dat wurdt dus de famylje De Boeter-Blom. Moaie namme-kombinaasje.
Hja krije twa jonges en in famke. Krije de bêrntsjes útwrykse nammen?
Nee, se wenje yn Fryslân en se hjittte dêrom Sjoerd en Douwe en Aeltsje. En op de gevel fan it hûs fan Sjors en Alice komt de namme ‘Firma de Bûterblom’ te stean. Frysker kin it net.

Dizze neisimmer is de firma Bûterblom fyfentweintich jier trout. Dat wolle se fiere. Feesten moatte jo fiere, fine se. Oerdei komme alle famyljeleden út hiel Fryslân en omkriten op besite. It is moai waar dy deis en it wurdt in prachtig feest. It begjint moarns by de kofje en it rint al tsjin de jûn as der in punt achter setten wurdt.
As de famylje nei hûs is gean Sjors en Alice mei hun trije bêrn nei in restaurant yn de stêd. Yn dat restaurant wurket in neefke fan harren. Hy hjit Koert en hy is achtjen jier. Yn syn boppekeamer wurket net alles even geryflik mar dêr lukt Koert him net folle fan oan. Hy kin moai oan ‘e slach yn dat restaurant. Dêr rinne noch in pear jonges en famkes rûn fan syn skoalle, like snoad as Koert. De baas fan it restaurant regelt alles kreas en lit harren fierder sa goed as mooglik hun gong gean.

Koert wit dat op dy jûn syn famylje lâns komt. “Regelje mar in moai plakje foar ús”, hat omke Sjors sein. Hy rint de hiele dei mei in grutte map ûnder syn earm troch it restaurant om te sjen wat in moai plakje is. As hy sa’n plak fûn hat, oan it raam, net te ticht by de doar, dan seit er tsjin eltsenien dy‘t yn ‘e buert komt dat se dit plak frij hâlde moatte.
“Is foar myn famylje”, seit er, “dy komme hjir jûn te iten…”
Koert betsjinnet jûns de famylje, dat lit er him net ûntnimme. Soarget dat it bestek kreas op syn plak leit, moaie skjinne boarden, servetten fan linnen.
En as de famylje sit te iten komt Koert om de fyf minuten om te freegjen of’t alles nei winsk is. De famylje is dik tefreden en lit dat ek blike.
As de minsken oan Koert syn tafeltsje klear binne en no noch in kopke kofje ta krije, dan ropt ien fan syn maatsjes, in famke ek fan in jier of achtsjen, troch de keukendoar: “Koert, binne dy minsken fan dy hast klear mei iten?”
Koert draait him om nei de keuken ta en ropt tsjin it famke: “Ja, se binne klear. Kinst de boarden wol ophelje.”
En wat ropt it famke werom?
“Bringst de boarden sels mar nei de keuken, Koert. It is dyn famylje!”
Koert en syn famylje bringe de boarden sels mar nei de keuken.

Symon van der Meer