It mei wol ’s sein wurde

14 mei 2016

in Verhalen

stien-1Nim no dy grutte stien yn de bocht fan de rânewei, mei san moaie Fryske tekst, Der’t de dyk it lân omklammet, op in plak mei sicht oer de fan Ommen polder. En ek in stien yn it Heemkark, mei , Wat bist do leaflijk rizende simmermoan!. Sokke moaie natuerstiennen mei in moaie tekst derop, dy binne der net út de loft fâlen.

De jongkearel rjochts op de foto nommen yn 1948, achter it drumstel is de man dy de stiennen, en noch meer, in beam, en twa stientúnbanken, oan Heeg Skonken had. Hy is in geboren Heegemer, berne yn Lands Welvaren, en hy had syn jonge jieren yn Heeg trochbrocht. Yn de jieren 1950 wie hjir net folle wurk, en had hy mei in pear freonen besocht om yn Sud Limburg yn de koalemynnen te wurkjen, mar dat doare mar kwat.

Hy waerd dernei militair tot oan syn pensioen, en yn syn frijjetiid mocht hy graach keunstich houtsnijwurk dwaen. As âld Heegemer komt hy hjir graach, en had hy it bêste mei Heech foar.     F.K