Nijsgjirrich boek oer ‘Liberaal christendom’

14 mei 2016

in Verhalen

It jier 2016 is amper in moanne âld as der in boek op ‘e merke ferskynt  ûnder de namme ‘Liberaal christendom’. Noch gjin wike letter stiet er yn it deiblêd Trouw in grut interview mei de trije redacteuren fan it boek.

Noch wer in dei letter stiet er in stripfiguerke yn ‘e krante. Dy lêst it interview en ropt dan út: ‘Deksel, wat is der mei God oan ‘e hân! Oant no ta wie God godlik en no is Hy oerstallich? Lês ik dat goed…!?’

Ien fan ‘e trije redacteuren seit dan yn ‘e strip: ‘Eh…sjoch, jo moatte God mear sjen as in dynamyske werklikheid, sis mar, dy’t ynwurket yn ús wrâld. Mar sûnder God giet it krekt sa goed, hjer. Der is einliks gjin ferskil…’

It stripfiguurke snapt er niks meer fan. Hy freget oan ‘e dominy: ‘Witte jo faaks noch wat foar God om te dwaan?‘ Seit de dominy: ‘Lit God dan mar in bytsje dynamysk yn ús wrâld ynwurkje, dat kin nooit kwea…’

Yn disse koarte besprekking freegje wy ús ôf: wat wol dit nije boek de lêsers mei jaan?

 Earst de redaksje fan ‘Liberaal christendom’. Dy bestiet út trije theologen: Rick Benjamins en Wouter Slob, beide heechleraer yn Grins, en Jan Offringa, dominy yn ‘e Betuwe. Neffens harren boek hat it neat mei polityk fan dwaan mar diele se ‘in rom-tinkende foarm fan kristendom, net dogmatysk, dy’t sûnder oanpresjen it belang fan kristlik leauwen útsprekt’.

Dat klinkt oannimlik.

Yn it boek komme alderhanne thema’s oan ‘e oarder. Alderearst de fraach: wat kin min jin hjoeddedei by God foarstelle. Fierder: wat moat min oan mei wûnders of mei geweld yn ‘e bibel. Der stiet in tige lêsber artikel yn it boek oer ‘Jezus’ fan âld-Heechemer Sytse Ypma, dominy yn Skearnegoutum. In frommiske skriuwt tige persoanlik oer frijheid, in oarenien oer de tsjerke en it gebed. Aktuele ûnderwerpen as de frjemdlingenpolityk en de klimaatkrisis steane der ek yn. Mei inoar telt it boek rom tweintich haadstikken dy’t troch elf predikanten en universiteitsdosinten skreaun binne.

Oan it ein wurde de haadstikken ôfslúten mei wat de redaksje neamt in ‘Vertrekpunt’. Dêryn stiet wat de auteurs bedoele: it grutte belang fan ‘e kristlike tradysje ûnderstreepje. Dy tradysje jouwt noch altyd in ferstannich en wrachtich útsicht op ús bestean.

De stof yn it boek is pittich  beskreaun. It earste stik – dêr moat min echt de tosken yn sette. Letter wurdt it konkreter. Dan wurdt it spannend en tige de muoite wurdich. De lêser, dy’t omsjocht en siket nei de sin fan ús libben, rekket  ûnder de yndruk fan de yntegere en beskeiden manear wêrop de skriuwers ús meinimme troch in rike religieuse tradysje.

Noch even werom nei it frjemde begjin. God wurdt dêr oansprutsen as ‘Immen  dy’t wy erfare as in dynamyske werklikheid dy’t ynwurket op dizze wrâld en ús libben’. Ik fyn dat net in handiche útdrukking. Dat kin in universiteitsdosint brûke yn syn kolleezje, mar ik kin dêr net folle mei. Dat kin ik trouwens ek net mei de God út it stripferhaaltsje. ‘Dy God kin alles, wit alles, sjocht alles, hat ús skepen, grypt yn en rêdt ús fan ‘e dea…’ Sa wurd ik Him teminsten net gewaar. Ik kin de redaksje better folgje as hja sprekke oer ‘God dy’t net op in ôfstân bliuwt mar betrokken is op en ferbûn mei ús bestean’. Hja ferklearje dat harren perspektyf is it keninkryk fan God. ‘Dêr de ûnderlinge leafde en bân fan minsken bepalend is. Dêr is God oanwêzich…’ Dy taal sprekt my meer oan.

Ik kin dit boek mei nocht by de lêzers fan de Sylboade oanrikkemandearje.

 

Symon van der Meer

It Eilân 17