Kuup, Kap en Kont.

8 juni 2016

in Verhalen

Jierren lyn wenne der yn Snits oan ien fan ‘e grêften in sekere Geart Kuperus. Hy wie opgroeit op in koumelkersspultsje de kanten fan Heech út. Syn heit hie wollen dat Geart op it spultsje komme soe as er klear wie mei syn skoallewurk. Geart hie nei syn middelskoalle studearre oan ‘e Tropyske Lânbouskoalle yn Deventer. Hy seach himsels net sitten op it spultsje fan syn heit. “Dan ferkeapje wy de brot”, sei syn heit. Dat slagge knap en hja ferhuzen nei Snits. Geart krige in baan yn Ljouwert by in grut bedriuw. Underwilens is hy dêr opklommen en lid fan it direksjeteam wurden.

Op in goeie dei rûn hy yn it bedriuw in man tsjin it liif, in sekere Harrie Kapma, dy’t ek yn Deventer oan de Tropyske Lânbouskoalle studearre hie. Soks skept in bân. Harrie wie statistikus wurden, mar de kompjûter hie syn talint oernaam. Sadwaande wie hy úteinliks terjochte kaam op de Finansjele Administraasje. Syn sjef dêr wie Jan Konterman, fan oarsprong út Rouveen. De twa manlju koenen it goed mei inoar fine. Om de ien of oare reden sleat Geert Kuperus him by it twatal oan. Trije hiel ferskillende persoanen mar hja mochten inoar wol lije. Sa no en dan troffen hja inoar yn in kafee yn ‘e stêd. Dan dronken se in bierke en dan praten se wat.

Tsjin it ein fan ‘e foariche ieu waard Harrie twa en sechstich jier. Hy koe as hy dat woe dan earder mei pensjoen. “Soe er dat wol dwaan?” fregen Kuperus en Konterman harren ôf. Harrie wenne allinne en wie altiten fryfeint bleaun. Hy libbe sober. Hy hie bygelyks noch gjin radio of televyzje yn ‘e hûs. As er straks mei pensjoen gie dan soe er wol in protte eksterne kontakten kwyt reitsje. Mar Harrie seach gjin problemen. Earder krektoarsom. Hy wie bliid mei de see fan frije tiid. Hy woe reizen meitsje nei grutte stêden en fiere lânnen. En eltse dei woe er de krante lêze yn ‘e bibleteek. Kuperus en Konterman wienen der aardich rêstich op. Harrie soe net yn in isolemint terjochte komme, tochten se.

Se sprieken by syn ôfskie ôf dat se elts jier op 1 april, dat wie op ‘e jierdei fan Harrie, by him op besite komme soene. Dy tasizzing binne se neikaam. Jierrenlang kochten se yn ‘e Albert Hein-winkel op ‘e hoeke fan ‘e strjitte de grutste woarst dy’t se dêr hiene. Dat wie it fêste kado foar Harrie. Dy stie dan al te wachtsjen om de besite te ûntfangen mei té en bier en in gebakje. Der wie súver sprake fan in hechte freonskipsbân tusken de trije mannen. Hja neamden inoar nea by de foarnamme mar altyd by de famyljenamme. En de famyljenammen Kuperus en Kapma en Konterman waarden op it lêst omfoarme ta Kuup en Kap en Kont.

Underwilens hiene hja inoar noch wat tasein: hja soene op it allerlêst byinoar op harren begraffenis komme. Dy tasizzing hawwe hja wiermakke doe’t Kap okkerdeis kaam te stjêrren. By it grêf hat Kuup in taspraakje hâlden. Hy hat oer Kap sprutsen as oer in trouwe freon. Hy sei dat de wrâld der hiel oars en hiel wat better útsjen soe as er mear minsken lykas Harrie Kapma bestean soene. Dan soene wy geweld, bedroch en oare rottichheit foargoed ferjitte kinne.

Kuup rekke yn syn taspraakje ek noch efkes oan de dôvens fan Kap. De petearen waerden dêrtroch net makliker mar seker ek net opperflakkicher. Sa kaam ek it libbensein ter sprake.

Kap hie doe frege: “Kuup, do bist net tsjerklik, hé”.
“Nee”, andere Kuup.
Kap opnij: “Dus do witst ek net of’t er hjirnei noch wat oars is…”
“Nee”, hie Kuup sein, “mar ik wit ek net of’t er niks is. Kap, do bist statistikus fan dyn fak, do soest it sels ynskatte moatte…”
“Ik wit it ek net”, hie Kap sein. “Ik wachtsje it mar ôf, it sil wol goed komme.”

Op de begraffenis eindige Kuup syn taspraakje mei de folgjende wurden: “Kap, dyn jierdei en dyn stjêrdei sil ik net gau ferjitte. Mar wat belangryker is – wy sille dysels net ferjitte. Ik tankje dy foar mear as tritich jier freonskip. Ik winskje dy in goeie reis ta. It sil wol goed komme…!”  En dat wie it ein.

Symon van der Meer