De paden op, de lannen yn…

7 juni 2017

in Verhalen

Nei in hiele winter binnen bewege, wolst as it dan maityd is, no ja maityd, yn namme kwa tiid fan it jier dan, want kwa temperatuer liket it der yn ‘e fierste fierte net op. Mar hoe dan ek, de Beweechklup foar Alderein Heech slút it seizoen altyd ôf mei in middei kuierje yn ‘e bosken. Mar dizze kear wurdt foar in fytstocht keazen, mar net allinne fytse, dêrneist moat, fanatyk as wy binne, ek noch in oere traint wurde op beweechtastellen.

wyt/giel oanklaaide berm

Mei alve froulju fytse wy, nee net allegearre e-bikes, nei Aldegea (SWF). Der stiet in hurde noardeaste wyn, mar lokkich hat de sinne it wûn fan ’e wolken.
Yn Aldegea soene wy ús juf Martsje Boersma oanhelje, mar troch famylje omstannichheden kin sy net mei.
Lâns in prachtig wyt/giel oanklaaide berm mei piipkrûd en koalsied en ûnder ‘gesang’ fan lûd kweakjende kikkerts yn ‘e sleatten, giet it mei de wyn yn ‘e rêch nei de Gaastmar.
Dit allinne al is klearebare genietsje…

 

Sportplein Gaastmar

Op it smoute Sportplein fan ‘e Gaastmar wachtet Lies, ynwenner fan ‘e Gaastmar, ús op. Sy sil ús begeliede by de ferskate beweechtastellen. Fanwegen de hurde wyn komme in pear froulju mei de auto, mar by de beweechtastellen dogge sy fanatyk mei.
Wy wurde ekstra opjage troch it lûde kweakjen fan ‘e kikkerts yn de neist lizzende sleat.

Soe it dan dochs noch einlings maityd wurde…?

 

Genietsje fan it leafste taartsje

Dêrnei is it tiid om op ferhaal te kommen fan al dat bealgjen en strike wy del op it terras oan it wetter fan d’Ald Herberch. Wy wurde traktearre op kofje/tee mei foar eltsenien har leafste taartsje… Ja, ús ponghâlder hat goed op ‘e sintsjes past.

 

Yn ‘e sinne, mei de mouwen en boksen omheech en de ‘Simmer yn Fryslân’ bril op ‘e noas, kinst hjir wol oeren sitte… Fia de Burd giet it rjochting Heech, ek hjir yn ‘e berm prachtich bloeiend piipkrûd en koalsied, de kij yn ’t lân, in seil op ‘e mar, Fryslân op syn moaist! In moaie ôfsluting fan it seizoen!

‘Simmer yn Fryslân’ bril op ‘e noas

Moandei 25 septimber om 14.00 oere start de Beweechklup foar Alderein wer yn it Heechhûs. Komme jo ek yn beweging!!!

Mariet Swart