Hoe gie dat doe yn 1938 – as bern nei skoalle ta

7 juni 2017

in Verhalen

By Heech fan Alds wurde nijsgjirrige dingen ynbrocht, sa as it ferhaal fan Meije Walinga, soan fan Gerke Meije’s Walinga fan de Nijedyk. Hy hat syn neitins oan Heech opskreaun doe hy letter skoalmaster wie elders yn it lân. Wat hy oer it nei skoalle ta gean yn Heech skriuwt kinne jimme hjir ûnder no lêze.       F.K.

As in bern seis jier wie koe it nei skoalle ta. Ik hie it gelok (of net?) dat ik yn ‘e maimoanne jierdei wie en hast sawn doe’t de doarren fan de “fine” skoalle foar my iepengienen. Dat wie in hiel wichtige dei. In per buorjonges namen my mei en dat wie it bigjin fan in lange tiid fan ûnderwiis krijen.

Op it plein boarten de bern fan alle klassen; der stienen in stikmennich âlde beammen en yn ‘e hûke, skean foar de ruten fan de heechste klasse, de pishanne. Rjocht tsjinoer “Waterloo” wie it fytshok oan de oare kante fan it plein.
Om healwei njoggenen kamen de meesters en de juffrau foar it ljocht en moasten wy twa by twa, klasse by klasse, yn ‘e rige stean. Dan, op in teken fan de juffrau, setten wy útein. By drûch waer op sokken mei de klompen yn ‘e hân dy’t dan yn ‘e klompebakken set waerden. Gjinien fan de bern sei wat…dêr stie sawat de deastraf op.

Juffrau Sikkema hie de wyn der aerdich ûnder mar koe ek o sa ljeaf wêze. Ik koe it wol mei har roaije. Skriuwen wie ien fan de fakken dêr ’t noch wolris in plúmke mei to heljen wie: se drukte dan jin holle tsjin har weake liif oan… Skriuwen frege gâns ynspanning.: de earste streepkes moasten fan de linkerhûke ûnderoan nei de rjochterhûke boppe-oan yn in lyts hokje rinne; dat wie in pûpetoer. Wy brûkten in inktlape om de pinne sa nou en dan ôf to faeijen. It wie in ramp as der in flek makke waerd! Dêrom moast der altyd in stikje floeipapier ûnder de skriuwende hân lizze.

By it rekkenjen brûkten de earste-klassers in telraem. Der stie ek in hiel greaten ien foar de klasse. De earste lytse somkes setten wy op in leike mei in griffel. As de les ôfrûn wie kaem de juf mei in wiete spûns om de lei skjin to meitsjen en gie it gefal yn it fak fan de twa-sits bank. (alle banken wienen like great, de “bankiers” net, mar dêr koe men gjin rekken mei hâlde)

It lêzen wie in hiele toer. Wy hiene stik foar stik in lêsplankje mei “aap, noot, mies”, letter krigen wy in boekje en moasten mei in blau oanwiisstokje mei in wite punt, oanwize wer’t in klasgenoat oan ta wie mei it lûd-op lêzen.

As de juffrau fortelde sieten wy rjuchtop mei de earmen oer inoar hinne. De forhalen út de bibel wiene sons tige nijsgjirrich en ek noch wol ris wat spannend: doe’t Jozef nei syn bruorren ta moast mei in boadskip en in hiel ein rinne (hy soe de oare deis mar fierder gean) sei de iene jonge tsjin syn mem, doe’t er de moarns nei skoalle gie:”Jozef treft hjoed moai waer!”

As ien wat to freegjen hie, stiek er de finger omheech en wachte de beurt ôf. Mar dat kaem net sa faek foar, want ien dy’t freegje doarst wie tige “frij”sei men dan en sokken wiene der mar in pear fan.

In meester of in juffrau straelde in hiele waerdichheid út en boppedat moast de fraech yn it hollânsk steld wurde en fral bern fan de earste klasse hiene ornaris dy tael allinnich mar yn tsjerke heard en thú by it bibellêzen, mar nea sprutsen.

Yn it “speelkwartier” moasten wy allegearre nei bûten ta, waer of gjin waer. As nou de punt fan de griffel net al to skerp mear wie dan slipen wy dy op ‘e rânne fan de stûpe foar de skoaldoar…

De forskillende spultsjes dy’t dien waerden gienen hin en wer mei de tiid fan it jij. Der wiene bern oan it petsjebaljen en tikboatsjen, oan it taudounsjen, knikkerjen en bokjespringen. In oare kear koe it wêze dat in hiel kloft harren as in lange ketting om in beam slingere en songen: “de boom wordt al dikker en dikker!”

In bikend spultsje fan de jonges wie “hakmes, lepel, schaar, hoge hoed of stinksigaar”: ien stie bûgd tsjin de muorre oan, in oaren sprong him op ‘e rêch en makke in gebaer mei syn fingers. De jonge dy’t foaroer stie moast dan riede hokker fan de fiif wurden útbeeld waerd. As it goed wie moast de ruter achter de earste oanslute. Sa koe it in hiel lange sliert wurde dêr’t de oaren oer hinne klôdzje moasten om by de jonge oan de muorre to kommen. In tige bisûnder heven wie it as winterdei by sterk iis, yn it skoft de doar oan de oare kante fan de gong iepen gie en wy dan in ketier lang op it iis fan de Weisleat glide koenen.