Ha jo Gerard noch kent?

16 april 2019

in Overig nieuws

Wa Gerard wie? No dat wie in aardige jonge út it grutte boere gesin fan Hendrik Witteveen fan Lytshúzen. Gerard wie in bliere jonge, mar hy hie der ûngemak fan dat hy wat in ôfwiking oan syn rêch hie. Gerard hie nocht oan rymjen en dichtsjen, en dat die hy oer fanalles. Hy makke in gedicht oer de pastoar en ek oer syn leafste ko.

Mar Gerard woe krekt as alle jonges sa graach in bromfyts ha. En ek dêr makke hy in gedicht op.

En dêr kaam by, Gerard gie graach yn Heech nei fuotbaljen, en ek mei de klup yn de bus nei oare plakken wer spile wurde moast. En as se dan wer yn de bus nei hûs riden dan droech Gerard syn bromfyts gedicht foar yn de bus mei fuotballers.

En dat gedicht gie sa:

De brommer

 

Refrein          En dan brom ik op myn brommer troch de buorren

En dan brom ik mei myn brommer oer de dyk

En dan brom ik mei myn brommer nei hus ta

En dan brom ik mei myn brommer nei ’t fabryk

 

 

1. Ik tel by myn maten net mear mei 4. Al myn maten hawwe in faam
    Se rinne allegear by my wei     En ik stean hjir mar hwat by ús yn ’e daam
    Se sizze my net iens goeie dei     Dêr komme se wer oan, no is it even stop
    Se sjogge my sels net iens mear oan     Sjoch de famkes klimme der al efter op
    Ik koe der wol tusken komme     Och sûnder brommer is men ek gjin minsk
    Mar dan moat ik mei hun bromme     In brommer dat is ek myn iennichste winsk
                        refrein refrein
2. Oars kocht ik ek in splinter nije 5. No ha ik foar goed myn sin
    Mar heit wol dat beslist net lije     Omdat ik einliks bromme kin
    Nou rin ik it doarp wat op en del     Ik krij in brommer op myn jierdei
    En de brommers dy meitsje my mar kjel     Heit sei it tsjin my justermiddei
    Och oare dingen hoef ik net     Moarn bringe se him by my thús
    Mar in brommer dêrfan ha ‘k ferlet     Moarn ha ik in brommer yn ’e hús
                        refrein                       refrein
3.  Willem en Piet en Kees en Sjouke 6. Juster ha ik myn brommer foar it earst prebearre
     Sytse en Klaas en Jap en Bouke     Mar it is alhiel mislearre
     Sjoch se ris mei hun brommers fleanen     Ik bin der mei tsjin de beam oan flein
     En ik stean hjir mar te stean     En myn brommer is út elkoar slein
     Ik stean as in droege nozum     Ik hoechde hjir allinne mar wat ferbân
     Mar ik bin sa graach in Brozum     Mar hie ik myn brommer noch mar hân
                        refrein                       refrein

Deklamaasje  +1960

Gerard woe de jeugd oansette ta sporten, dat is him yn Snits better slagge dan yn Heech. Gerard mocht net âld wurde, mar yn Snits fynt de familie wol us in blomke op syn grêf. De informatie  komt út de map ‘Persoanen en ferhalen’, fan Heech fan Alds.

F.K.