Freon fan bisten

8 juli 2021

in Verhalen

Moarnsbetiid nei iten sjoch ik meastal efkes efterhûs en rin nei de wetterkant. Einen swimme hjir faak yn it wetter oan ‘e Wite Mounts en sjogge as der ek wat foar harren is te heljen. Ik skrik ynienen, wat swimt dêr, is it in rôt, nee, mar wat is it dan wol? En dan sjoch ik it, it is in stikelbarchje dat my mei grutte bange eagen oansjocht fan HELP, HELP… Want troch de wâlbeskoeijing kin it bistke net mear út it wetter komme. Ik wit net wat te dwaan, hoe krij ik him út it wetter, hy swimt wer fuort en ik betink as ik no in baddoek krij, faaks kin ik him dan pakke.

As ik wer bij de sleatskant kom mei de baddoek sjocht it barchje my wer stean en komt op my ôf. Ik gean op knibbels op ‘e kant en wol sels ek net te wetter fansels. It barchje komt no moai tichtby en sa kin ik him mei myn baddoek pakke en set him op ‘e grûn neist my. Hy is sa kâld as in stien en ik betink wat om him op te waarmjen. Ik set him yn de kat syn sliepplak en lis in flesse mei waarm wetter derby sadat hy wat mear waamte kriget. Hy jout him lekker del, mar nei in skoftsje begjint er opnij te bewegen en wol wer op wei nei …..

It stikelbarchje ferdwynt wer yn de natuer neidat hy my oansjoen hat. Ik ferstie it net mar tink dat er sei: TIGE TANK.

Geertje Cnossen