Ynwenners fan Heech – dankjewol!

12 september 2021

in Verhalen

In goeie tritich lynt kochten wy yn Heech in appartemint op it Eilân –  balkon oan ’e markant en útsicht op de jachthaven fan Johan Oost. It wie en it is in moai besit. De Fryske flage wappere sadra as wy yn Heech wiene. Sûnt dy tiid is der in protte feroare. Myn frou en ik binne mei pensioen. De bern binne de doar út. Hawwe sels bern krigen, mar komme noch altyd graach nei it Eilân ta. De boat hawwe wy ferline jier ferkocht, op oanrieden fan de bern. Dat wie in goed beslút. Sadwaande hawwe wy no ek de mooglikheit om wat oare dingen te dwaan. Ik wol no yn’t koart oanjaen wat hjir yn Heech yn de fakânsjetiid allegear mooglik en net mooglik is.

Om te begjinnen dit – ûnderweis nei it Eilân hearre wy op de famyljetelefoan fan ekstreme waarmte yn Kanada. Dat klinkt slim genôch! Wy sprekke ôf – wy moatte fral net eamelje oer in reinbui sa no en dan yn Fryslân. Wy besykje in âlde kunde yn Talma State. Eartiids kamen wy by har én har man, no by har allinne. De man is út de tiid. Corona. Mar hja rêdt har sels. In flinke frou.

Myn frou keapet by de Boekenschuur fyf boeken foar fyf euro. Ik tink: “Dêr ha ik de earste tiid gjin omsjen mear nei”. Dat hie ’k wol moai ferkeard tocht…

Twa jeuchdiche minsken, disse simmer sechstig jier trout, fierden koartlyn harren feestje. Wy felisitearje harren. En krekt yn dy belangrike dagen sjit de man mei syn elektryske meanmasjine op ’e kop it Siepke yn. Syn frou kin him oan ’e bokse wer op de wâl helpe. Soe it feestje noch hast yn it wetter fallen wêze…

In skoftke lyn kochten wy by de VVV in moai skilderij fan Lukas Foekema. Twa súd-Amerikaanske musikanten. De pastor bringt it hjir sels oan hûs. Hy wol graach sjen wêr as de mannen komme te hingjen. Hy is tefreden en de beide mannen ek. Yn de Coop-winkel stean ik in kear fiersten te lang te praten mei Mariet Swart oer har profesjoniele skriuw-en fotowurk foar de Sylboade. Beide ha wy in pak yoghurt yn ’e hân. Dat is net goed foar de Coop-omset. Trochrinne en plak meitsje.

Op in middei stappe wy mei in stik of wat oare fakânsjegasten by Piet Hettinga op it m/s ‘Mirjam’. En dan meitsje wy in prachtiche tocht troch en om Heech en oer de Poelen! Soms mei de kop tusken de knibbels ûnder de brechjes troch. Is âld-kommissaris Wiegel thús? Nee, der stiet hjoed gjin minske op it hiem te swaaien.

Wy besjogge yn museum Belvedere yn Oranjewâld de geit fan Jan Mankes en syn oare biste-skilderijen. En yn Workum geane wy dizze simmer opnij nei Jopie Huisman. Wy rinne mei in modern apperaatsje foar it ear by syn keunstwurk lâns. Wat in skilder! Ien fan ús buorren hat boufakfakânsje, mar hy rommelt noch graach wat oan de tegels fan it balkon. Syn bloed krûpt wêr’t it net gean kin. Wy sitte noflik op syn houten bank, drinke in fleske bier en sjogge nei de drokte op it wetter.

En no soe ‘k hast myn praatsje mei de âldboer fan ‘de trije Peppels’ ferjitte. Wy rinne inoar tsjin it liif wylst de wyn ús it hier hast fan ’e holle blaast. Eartiids koe hy sawat dwers troch Heech hinne sjen. No is it nijbou, oan alle kanten. Heech is feroare. Mei iens. Oja, dan noch dat frommiske op de brêge by Piersma. Dêr brekt in bui los, net sa súnich. En wat seit de frou? “Kom mar efkes ûnder myn paraplu!” Wêr fine jo soks noch.

Us fakânsje yn Heech sit der op. In fakânsje mei feroarjend waar, mar wat net feroaret is de mienskipssin fan Heech en fan syn ynwenners – iepen, belutsen, gewoan. Wy tinke dêr mei nocht oan werom. Heechemers bedankt. En hooplik oant sjen!

Symon van der Meer