Jentsje Popma – ‘Heer under de Fryske skilders’

7 november 2021

in Verhalen

Yn de Sylboade fan ôfrûne oktober stiet in artikel oer it boek De Friezen fan skriuwer/sjoernalist Flip van Doorn út Drylts. Dizze moanne giet it opnij om in boek – dizze kear oer in keunstner dy’t net allinne in folbloed Fries is mar dy’t op de lêste dei fan de moanne septimber op ’e kop ôf hûndert jier wurden is: skilder Jentsje Popma út Ljouwert. Emeritus-dominy Jan Henk Hamoen fan ’e Jouwer hat in boek gearstalt mei in prachtiche samling foto’s fan Popma syn wurk: bylden, finsters en skilderijen. Erik Betten en Susan van den Berg skriuwe yn it boek oer syn libben en oer syn wurk. Mei grutte bewûndering foar it ien en foar it oar fertel ik hjir wat mear oer.

Jentsje is al op de legere skoalle yn Ljouwert oan it tekenjen – en net samar wat kraskje mar hy makket bysûndere tekeningen. Syn heit en mem binne net ryk, mar Jentsje kriget troch in lokkich tafal in rojale subsydzje (fan acht gûne yn ’e wike!) en tagelyk tagong oan de Rotterdamse Academie voor Beeldende Kunsten. Hy is in ambytsjeuse learling oan de klassyke oplieding. Twa jier letter stapt hy oer nei Amsterdam en studearret dêr fierder oan de Rijksacademie. It is in rare tiid – oarloch, bommen op Rotterdam,  ûnderdûke, hongerlije – mar hy slagget yn 1949 mei glâns.

It is yn dy nei-oarlochse tiid gjin fetpot foar keunstners. Jentsje docht hjir en dêr wat sprokkelwurk. Hy trout yn 1952 mei Jo Gall, in betûft yllustratryse. Hja krije tegearre in famke – Marja. Ûndertusken makket Jentsje him neist syn skildersoplieding ek kundich mei nije technieken: glêskeunst en monumintale keunst. ‘In minske moat dochs libje’.   Geandewei kriget hy mear en mear namme. Syn earste grutte opdracht is it stânbyld fan Pieter Stuyvesant yn Wolvegea. En dan giet it fierder mei bylden fan stien of brûns, in oarlochsmonumint, stânbylden fan skriuwers of út ’e polityk. Hiel bekend binne dy fan Anne Vondeling en Piet Paaltjens yn Ljouwert. Sa giet it ek mei syn keramysk wurk. Ien fan syn plastyken is de Hynsteblom oan de Kweekskoalle yn Ljouwert. Dêr kom ik daliks  op werom. No earst even nei Heech. Hjir sit oan de âld-beukerskoalle De Trije Tuorkes in keramysk relief fan Popma. (Fyts fan de Skatting ôf troch de Hollingerstrjitte dan ride jo tsjin de muorre oan fan wat no in wenhûs is. Frou Bergstra docht iepen en lit it jo sjen: dêr oan ien fan de muorren hinget it sobere relief fan Jentsje Popma.)

Hy kriget ek hieltyd mear namme as glêsker. Foar it gemeentehûs Crackstate yn ’t Fean en foar de keamer fan de kommissaris yn it Ljouwerter provinsjehûs  makket er finsters. Sa restaurearret er âlde finsters yn tsjerken. Omrop Fryslân liet ús dizze simmer yn de finsters fan de Gertrudistsjerke yn Workum  kleurryke bylden sjen fan Martha en Maria.

Yn 1985 giet hy mei pensjoen en dan kriget hy alle tiid om syn âlde skilderwurk folút te beoefenjen. Yn it boek steane prachtiche foto’s fan syn wurk. Foto’s fan syn tekeningen, fan syn bylden en reliefs, foto’s fan syn finsters, mar fral foto’s fan syn skilderijen.

En no komt de klap op de fjoerpylk. Popma rint sa’t wy witte nei de hûndert. En wat docht hy? Hy skinkt syn wurkromte yn Ljouwert en de hiele ynboel oan skilderijen en bylden – hy skinkt dat allegear oan de Stifting Nijkleaster yn Jorwert, want dêr hat hy syn hert oan ferlern. Flakby Jorwert ûntstiet in plak wêr’t minsken yn dizze jachtiche tiid stiltme fine, ferbining meitsje, bykomme kinne. Yn it logo fan dit Nijkleaster stiet de Hynsteblom fan Popma sintraal mei in krús en in fisk: oerâlde kristlike symboalen.

In oantal jierren lynt skreau Geert Mak hoe’t God weirekke út Jorwert. Wa wit komt God yn in oare gedaante no wol wer yn Jorwert werom.

Symon van der Meer

’Jentsje Popma, kunstenaar met een visie’ onder red. van J.H. Hamoen. 2021 Uitg. Noordboek Prijs 25 euro.