Fugels

10 maart 2022

in Verhalen

Fan in protte protters nei in pear

Tûzen protters yn ‘e reiden

skatterje de hiele jûn,

tsjotterje net stil te krijen –

oant de boer komt mei syn hûn.

Hûndert protters yn ‘e beammen

bliuwe iiskâld oan ‘e gang

yn in koar mei hûndert stimmen –

BAF! De túnman syn kanon.

Tsien protters op in tûkje,

ien en al geprotestear –

en in snotnoas om in hoekje

mei in kûgeltsjegewear.

Twa protters op it dak,

bekfol túchguod en raaikes,

sykje dapper noch in plak

foar in nêst mei blauwe aaikes.

 

Ofrûnne simmer in eksposysje fan Eppie Dam en Lienke Boot yn museum Stedhûs Sleat besocht. Neist de moaie lino’s fan ferskate fûgels fan Lienke, hongen bypassende gedichten fan Eppie. Dêr ha ik it prachtige boek ‘Tjilp’ mei 25 gedichten en lino’s kocht, wêr boppesteand gedicht ek yn stiet.

Al jierren doch ik mei oan ‘e túnfûgeltelling ein jannewaris, mar dizze winter litte de fûgels it in bytsje ôfwitte. Troch de mylde winter is der tink ik genoch iten te finen. Foarich jier kamen der ek protters op ‘e nútsjesmoar ôf, en koe ik dizze foto meitsje, mar ik ha se no noch net yn ‘e tún sjoen. Yn de telling fan in heal oere seach ik: 4 klysters, 4 mosken (yn 2021 14 mosken), 2 Turkse toartels, (foto ûnder) 1 blokfink (=koolmees), 1 blaukopke (= pimpelmees), 1 readboarstke en 1 ka. En dan, dagen letter komt ‘r hiel faak in houtekster (=Vlaamse gaai) yn myn tún, sil wol út it Heempark komme.

Mariet Swart

âldroek – blaukopke – blokfink – eiber

fiskkobbe – geal – heawylp – hin – katûle

klyster – koarnmosk – kraanfûgel – krie

lânmosk – piper – wâlddo – wink